Tal lienoanfragen nimt bot ta; trochsneed bedrach is goed € 14.000
Resint ferskynd
Foar grutte útjeften wurdt folle faker jild liend. It tal oanfragen foar in liening naam yn 2022 mei hast 18% ta. Trochinoar rekkene wurden lieningen fan € 14.330 frege. Dat docht bliken út it Lienûndersyk fan Independer, dêr’t tsientûzenen oanfragen foar analysearre binne. Liene foar in auto kaam it faakst foar, folge troch de ferbouwing fan it hûs en it ôflossen fan in oare liening.

Foto: pixabay.com
Foar ferbouwing yn trochsneed € 16.945
Nederlanners steane bekend as in kloek folkje, mar as se dan jild liene, dogge se dat foaral foar grutte bedraggen. Foar it ferbouwen fan in hûs wurdt op syn heechst € 16.945 liend. It tal oanfragen foar dat doel naam mei mar leafst 33,7% ta. Guido Rodenburg, ekspert jild lienen fan Independer: “Mei troch de krappe wenningmerk kieze Nederlanners faker foar it ferbouwen fan harren hûs. In protte huzebesitters kieze ek foar it ferduorsumjen fan de wente. Dêrby spylje fansels ek de tanommen enerzjykosten in wichtige rol by.”
Mear liend foar in auto
It faakst wolle Nederlanners jild liene foar it oanskaffen fan in auto. It tal oanfragen foar in autoliening naam mar leafst mei 32,6% ta. Yn trochsneed wolle se € 14.156 foar in auto liene. “Nije auto’s binne folle djoerder wurden. Dat komt ûnder oaren troch de djoerdere grûnstoffen en de hegere leankosten. Mar twaddehânsk auto’s binne ek slim yn wearde omheechgien. Dat komt wer trochdat der minder op ’e merk binne”, neffens Rodenburg.
Grutste lieners yn Utert, lytste yn Grinslân
Ut de berekkeningen fan Independer docht bliken dat yn 2022 it trochsneed winske lienbedrach yn hiel Nederlân € 14.330 wie. Dochs binne der grutte regionale ferskillen. Yn de provinsje Utert waard yn trochsneed it heechste bedrach (€ 16.388) oanfrege. Yn Noard-Hollân (€ 15.744) en Flevolân (€ 15.320) waarden ek fikse bedraggen oanfrege. Rodenburg: “Dat binne ek de provinsjes mei yn trochsneed de heechste ynkommens. Fansels wurdt nei it ynkommen sjoen as om in liening frege wurdt. Mar ferjit net dat ek mei de ferwachte útjeften rekken holden wurde moat. Faak binne de wenlêsten yn dy regio’s ek heech, dat hat dus ek wer ynfloed op it bedrach dat maksimaal liend wurde kin.”
De trije provinsjes dêr’t yn trochsneed de leechste bedraggen oanfrege waarden, binne Drinte, Limburch en Grinslân. Fan alle provinsjes waard yn Grinslân yn trochsneed it leechste bedrach oanfrege: € 14.296.
Lanlik fikse lienfersiken tanommen
Yn hiel Nederlân naam it tal oanfragen neffens 2021 mei 17,54% ta, docht bliken út it ûndersyk fan Independer. “Dat is fansels nochal wat. Wy wize de oanfregers wol altyd op de risiko’s fan it lienen. It moat wol yn it fierdere útjeftepatroan passe. Der wurdt sjoen nei alle ynkomsten en útjeften, mar dêrneist ek nei it besit fan bygelyks in auto of it hawwen fan bern. Us ûndersyk is basearre op de oanfrege lieningen. Dy binne net allegearre oan de oanfregers takend”, ljochtet Rodenburg ta.
Foar it meitsjen fan in wiidweidige berekkening oft in liening yn it budzjet past, is de Risikomjitter Lienen fan it Nibud te brûken. Dat programma is mei mooglik makke troch Independer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje