Subsydzje foar ynternasjonale kontakten
Resint ferskynd
De Provinsje Fryslân makket bekend dat der subsydzje beskiber is foar it bywenjen fan útwikselingen en kulturele aktiviteiten foar jonge Frysktaligen en oare Europeeske minderheidstaalgroepen. It giet om de reis- en ferbliuwskosten.
De subsydzje kin oanfrege wurde troch skoallen foar fuortset ûnderwiis, middelber en heger beropsûnderwiis, jonge teätermakkers, jonge skriuwers, jonge sjoernalisten, jonge filmmakkers, jonge dichters en jonge muzikanten. Dat kin oant en mei 26 oktober 2023. It subsydzjeplafond is € 20.000,-. Wat gauwer as de oanfraach by it Provinsjehûs oankommen is, wat grutter de kâns fan takennen is. Nei’t it plafond berikt is, kin gjin subsydzje mear ferliend wurde.
Oanfragen wurde mei it taheakke oanfraachformulier. Nei it folslein ynfoljen kin dat oer de post opstjoerd wurde; ôfjaan by de baalje fan it provinsjehûs kin ek. De oanfraachkritearia binne te finen yn paragraaf 3.2 ûnder e fan subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân. Foar fragen om mear ynformaasje kin kontakt opnommen wurde mei de ôfdieling subsydzjes, fia telefoannûmer 058 – 2925925 of fia provincie@fryslan.frl.
Taheakke: Oanfraachformulier 3.2 ynternasjonale kontakten 2023.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje