Statement wrot understatement ta de taal út
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op it brief fan Jan Breimer.
Bêste Jan,
moatte wy hieltiten mear om ús wurden tinke? Us hieltiten eksakter útdrukke? Ik haw de yndruk dat wy, foar ’t neist troch de digitale tekstferwurking, hiel krekt sizze moatte wat wy bedoele. Foar de kompjûter is it ja of nee, goed of ferkeard; in wurd kin mar ien ding betsjutte, dit of dat en neat der tuskenyn. Dat is yn tsjinstelling mei ús sljochtweihinne taalgebrûk. Yn ús deistich praat sit gauris in beskate wurdearring en dat fielt de harker ornaris goed oan. As dat net it gefal is, moatte wy efkes oer de gefoelichheden prate. De kompjûter hat gjin doel oer wurdearring. Dy hat gjin gefoel, gjin humor en gjin begrutsjen, allinnich eksakt ynfierde termen (data).
Dat ‘probleem’ kaam yn my op troch it begryp understatement yn dyn brief fan ferline wike. De taal sit der fol mei, mar in Frysk wurd wit ik der net foar. Do joechst der moaie foarbylden fan en ik leau grif dat sechjes lykas ‘it koe minder’ noch altyd yn libben gebrûk binne. Der wurdt dan bedoeld dat it poerbêst wie: it koe net better, allinnich minder. Mar men soe ek tinke kinne dat it net om it alderminste te rêden is, mar faaks ek net om it alderbêste. Dat lêste is in misrekken, mar wa wit dat? In bûtensteander mist faaks it ‘gefoel’ om de goede ynskatting te meitsjen. No haw ik gefoel tusken skrapkes set, want ik twivelje: giet it winliken net om ‘kennis’? Men moat soks witte om de goede ynskatting te meitsjen. Wol it begryp understatement net sizze dat der ûnder de útspraak beskate kennis (fan gefoelichheden) beskûle leit? Dy fraach stel ik net allinnich oan dy, Jan; it soe ek moai wêze om te hearren hoe’t oaren dêroer tinke.
Yn ’e krante lês it wurd statement withoefaak. Krantelju geane derfan út dat ik Ingelske termen samar begryp. Dat is frijwat ûnnoazel, want dan soenen se de hiele krante wol yn it Ingelsk skriuwe kinne. Mar dat slagget har dan wer net. Nim my net kwea ôf foar de krityk op it krantebelied; no wer werom nei statement. Dat wurd ynterpretearje ik as in ferklearring, in eksplikaasje fan in stânpunt. Sa skerp en dúdlik mooglik. Dy dúdlikens ûntbrekt yn understatement. Dêr wurdt krekt eat ôfswakke wat faaks te skerp wêze soe.
Yn de earste alinea hjirboppe meitsje ik de tsjinstelling tusken de juridysk safolle mooglik tichttimmere taal fan dizze tiid en ús gewoane deistige praat. Der liket in ferskowing te wêzen fan it gewoane deistige (foar elk begryplike) taalgebrûk yn ’e rjochting fan heldere (net mis te fersteane) formulearringen. Miskien is it wat oerdreaun en sis dat it understatement troch it statement ta de taal útwâde wurdt. Is dat in overstatement? Mar ris sjen wannear’t dat wurd yn ’e krante brûkt wurdt.
Mei net mis te fersteane groetnis,
Ed
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje