Skotske atlete pakt auto by ultramaraton en wurdt diskwalifisearre
Resint ferskynd
In Skotske ultramaratonrinster is nei ôfrin fan in wedstriid tusken Manchester en Liverpool diskwalifisearre, om’t bliken die dat se in part fan de rûte yn in auto ôflein hie.

Foto: morguefile.com
De 47-jierrige Joasia Zakrewski is in bekende namme yn de wrâld fan de ultramaraton, hurdrinwedstriden dy’t oer in langere ôfstân geane as de wenstige 42 kilometer en 195 meter. By de jierlikse GB Ultras Manchester to Liverpool Race, oer goed tachtich kilometer, einige se as tredde. Mar, sa berjochtet de BBC, nei bestudearring fan GPS-data troch de wedstriidlieding waard dúdlik dat der eat net doogde. Op in part fan it parkoers, fan sa’n fjouwer kilometer, bliek se in faasje fan goed 56 kilometer yn ’e oere notearre te hawwen. De wedstriidlieding luts dêr de konklúzje út dat Zakrewski in reau brûkt ha moast en besleat har te diskwalifisearjen.
Zakrewski, ôfskomstich út it Skotske Dumfries, hat sels gjin kommentaar jûn, mar liet fia in freon witte “tige spyt te hawwen”. Neffens de freon wie se in dei foar de wedstriid nei in lange reis út Australië oankommen en fielde se har wurch en mislik by de rintocht.
De foarsitter fan it Skotske atletykbûn, David Ovens, seit tige yn Zakrewski teloarsteld te wêzen. “Benammen omdat se sa’n goede perioade efter de rêch hat. Ik hoopje dat der in ûnskuldige ferklearring foar it ynsidint is en dat se har suksesfolle karriêre fuortsette kin.”
Wrâldrekôr
Zakrewski wûn yn har karriêre ien kear sulver en twa kear brûns by de WK ultramaraton oer hûndert kilometer. Yn febrewaris fêstige se noch in nij wrâldrekôr by de ultramaraton yn Taiwan, dêr’t atleten yn 48 oeren tiid sa fier mooglik by rinne moasten. De Skotske kaam ta in ôfstân fan goed 411 kilometer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje