Skipswrak mei goed tûzen slachtoffers WOII nei 81 jier fûn
Resint ferskynd
Yn de Súd-Sineeske See is it wrak fan in Japansk keapfardijskip fûn dêr’t yn de Twadde Wrâldoarloch mear as tûzen kriichsfinzenen yn omkamen. Mei help fan spesjalisten fan it Nederlânsk boaiemûndersyksbedriuw Fugro waard de Montevideo Maru foar de Filipynske kust op fjouwertûzen meter djipte fûn. It skipswrak sil fierder gewurde litten wurde.

Montevideo Maru om 1941 hinne (foto: Wikipedia/Australian War Memorial – publyk domein)
It skip wie ûnderweis fan Papoea Nij-Guinea nei de troch Japan besette Sineeske provinsje Hainan doe’t it op 1 july 1942 troffen waard troch torpedo’s fan in Amerikaansk oarlochsskip. De boat sloech om en sonk yn alve minuten. Der kamen 1060 kriichsfinzenen om, mei dêrûnder 980 Australiërs en tsientallen boargers út fjirtjin lannen, ûnder mear Nederlân. De Amerikanen wisten net dat der kriichsfinzenen oan board wiene.
De measte finzenen wiene Australyske militêren dy’t op in Britske legerbasis by de stêd Rabaul legere wiene, op it Australyske part fan Nij-Guinea. De basis foel yn jannewaris 1942, koart nei de oanfal op Pearl Harbor, yn Japanske hannen. De ramp mei de Montevideo Maru is de grutste skipsramp út de Australyske skiednis.
Lange tarieding
De Australyske ideële organisaasje Silentworld Foundation hat fiif jier lang mei de tariedingen op de syktocht nei it skip dwaande west. Dizze moanne wiene der genôch gegevens sammele om op in beskaat plak te sykjen. It wrak waard nei tolve dagen sykjen mei help fan it Australyske ministearje fan Definsje en djipseespesjalisten fan Fugro fûn. Der waard gebrûk makke fan in selsstjoerend ûnderwetterreau, dat mei sonarapparatuer de seeboaiem ôfsocht.
It wrak waard oantroffen op 110 kilometer besúdwesten it Filipynske eilân Luzon. De Australyske premier Albanese seit dat in bûtenwenstige ynspanning laat hat ta de fynst fan “it lêste rêstplak fan de ferlerne sielen”. Hy hopet dat it de neibesteanden “op in beskate wize rêst jaan sil.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje