Simone Djurrema: Wês kritysk, op alle gebieten!

april 29, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

Simone Djurrema. Eigen foto

Okkerdeis bin ik mei in oplieding begûn. Dy ferget in soad tiid, wylst oare drokten wol trochgeane. Ik moat dêrom wat weistreekje. Nei sawat seis jier is de tiid kommen om mei it skriuwen fan kollums op te hâlden. Dit is dus myn lêste kollum.

Wêr sil ik it oer hawwe, dy lêste kear? Ik wit it net sa goed… Ik soe útlizze kinne wat it wurd ‘hejdå‘ betsjut. Ik kin ek besykje om jimme wat brûkbers mei te jaan. Dat moat it mar wurde.
Ik jou jimme de ried mei om kritysk te wêzen. Wa’t ea mei bargebitende bern rêden hat, wit dat men earst beide kanten fan it ferhaal hearre moat foardat men oardielje kin. Hjoed-de-dei heart of lêst men yn it nijs hast altyd mar ien kant fan it ferhaal. Doocht dat wol? En it giet oer grutte ûnderwerpen, dy’t de hiele wrâld beynfloedzje, jimme ek. Binne wy sa ûnnoazel dat we foar “gefaarlike” ynformaasje beskerme wurde moatte of is dat sensuer? Want wa makket eins út wat gefaarlik is?

Sûnt ik, ûngefear tweintich jier lyn, leauwich wurden bin, haw ik ompakt mei foaroardielen, dy’t iksels earst ek hie oer religy. Ik bin derefter kommen dat minsken krekt pappegaaien of skiep binne, iksels net minder. Ropt bygelyks ien: alle oarloggen komme troch religy! en hearre we dat faak genôch, dan nimme we dat samar oan. Mar it hoecht hielendal net wier te wêzen. Googelje mar. En dat is noch mar ien fan dy standertopmerkingen.

Sa binne der op dit stuit wrâldwiid ek oare dingen geande. In protte is de lêste pear jier feroare, mear as we ea tocht hiene. Der wurdt in protte roppen, der wurdt in protte weidrukt en rûnút dom neamd. Ik sis no: Wy binne dom as we net sels besykje om de oare kant fan it ferhaal te efterheljen.

Oft it no om polityk, klimaat, sykten of religy giet, sykje foar de aardichheid ris ynformaasje op fan foar- en tsjinstanners en besykje om der mei in iepen blik nei te sjen. Ik nim mar wer it foarbyld fan de Bibel: as dy neffens in protte minsken sa ûnbetrouber is, wêrom pakke archeologen dy’t yn it Midden-Easten wat nijs fine, dat boek der dan as earste by om harren fynst te checken? Oft se no leauwe of net. Omdat der mar ien neislachwurk is dat sa betrouber is! Wêrom pakke se oars de Koran der net by?

Dan is de folgjende fraach: wêrom soene we net ris nei de rest fan de Bibel sjen as de archeologyske kant sa betrouber is? Miskien ûntdekke we dat de geastlike kant, it boadskip, ek wol doocht. In protte minsken binne tsjintwurdich sa mei allegearre spirituele dingen dwaande, dan kinne se dit ek wolris better besjen, fan ferskate kanten fansels.

Wês ek kritysk as it om medisinen, it klimaat en stikstof of wat dan ek giet. Is, wat se earder seine, no ek werklik bard? Wêr binne de sifers op basearre? Wat is wittenskip? Is dat eksperiminten útfiere en se werhelje kinne of is dat foarsizzingen dwaan op basis fan wat we earder sjoen hawwe? Is skiednis in garânsje dat it werklik wer sa gean sil? Gean troch mei fragen te stellen.

Nee, we kinne net oeral ekspert yn wêze, mar wát we kinne, moatte we wol dwaan. Dat ik sis noch ris: wês kritysk! Want der hinget mear fan ôf as jimme tinke. Miskien wol wêr’t we ús ivige libben trochbringe.

Wat in kollum om mei ôf te sluten. Ik haw sa faak oer ús prachtige libben hjir skreaun, wy hawwe it hjir sa moai! Mar wylst ik fyn dat we genietsje moatte fan alle goede dingen dy’t we hawwe, en dat we al ús seiningen telle moatte, fyn ik ek dat we de kop net yn it sân stekke moatte en ús aanst fernuverje as we troch de stikstofmaatregels krekt sa libje moatte as yn ’e midsiuwen. Of dat we oer in pear jier lykas yn Sina kontrolearre wurde: “foar ús eigen goederbêstens”. As jimme der sels kritysk nei sjoen hawwe, de fragen steld hawwe en ta de konklúzje komme dat it allegearre net sa hurd rint, fyn ik it ek bêst. Leau my net op myn wurd, jimme moatte sels kieze. Underwylst is it iennige dat ik dien haw ek net folle. Ik bin gjin aktivist, ik wit ek net sa goed wat ik mear dwaan kin as myn eagen en earen iepen hâlde en oare minsken oanmoedigje dat ek te dwaan.

Nettsjinsteande alle drokten en beslommeringen hoopje ik folop fan in moaie maitiid en simmer te genietsjen en dat mei oaren te dielen. It plan foar húskes* (tiny houses) op ús terrein is lang om let ek rûn. Dat miskien sjoch ik jimme hjir nochris in kear! Dan binne jimme hjärtligt välkommen!

Dat dat wie it dan. Miskien skriuw ik noch ris in artikel oer in nijsgjirrich ûnderwerp, mar sa’t it no stiet sis ik: Hejdå!!! (Oant sjen)

*De bedoeling is dat we op ús terrein fjouwer húskes (tiny houses) bouwe. De earsten sûnder tsjillen, letter ek guon mei. Der is in mooglikheid om se te keapjen, krekt as op in fakânsjepark. Dy fan ús, en dy fan de eigeners dy’t dat wolle, kinne hierd wurde foar de fakânsje of in hiel seizoen. It wurde showmodellen; as ien sels in stikje grûn hat, kinne wy hjir neffens de winsken fan de klant in húske bouwe, dat kant en klear nei it plak fan bestimming ferfierd wurde kin.
april 29, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Yne april 29, 19:45

    Simone,
    Spitich dat jo der foarearst mei ophâlde.
    Ik haw jo kollums altiten mei in soad niget lêzen.
    Groetnis en wat wit oant sjen.
    Yne

  2. Simone april 30, 18:41

    Tige tank! Oant sjen!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.