Satire oer milennials ‘Sick of Myself’ giet net foar sympatisaasje mar foar ferdivedaasje
Resint ferskynd
Filmresinsje fan Gabrielle Terpstra
De swarte komeedzje ‘Sick of Myself’ siket op in ûngemaklike wize nei de balâns tusken de langstme om sjoen te wurden en it narsistyske fan de tiidgeast en sosjale media.
Oandacht
De film begjint mei in ûngemaklike iepeningssêne, dêr’t we Thomas en Signe yn sjogge, dy’t tegearre plannen meitsje om in djoere flesse wyn út in restaurant te stellen, dêr’t se letter op in feestje mei opskeppe.
Signe en Thomas stride oanienwei om de oandacht fan oare minsken en as Thomas as keunstner trochbrekt, dêr’t Signe troch yn syn skaad bedarret, siket se nei ekstremere middels om de oandacht fan minsken te krijen.

Foto: Wikimedia Commons / Subhrajyoti07 – CC BY-SA 4.0
Ferwûningen
As Signe in frou helpt dy’t troch in hûn biten is en dêrtroch allegear bloed op har kriget, fernimt se dat se in soad omtinken kriget, besiket se sels ek troch in hûn biten te wurden. Neidat dat net slagget komt se fia in artikel op it ynternet yn oanrekking mei in drug dy’t as bywurking in hûdoandwaning feroarsaket. Nei dat artikel beslút se om sels dy pillen ek te slikken.
Treuriger en yrritanter
De film sit fol mei grappige ferwizingen nei milennials en mei syn ûngemak lit er jin tinke oan oare noardske films lykas Worst Person in the World en The Square, dêr’t de moderne wrâld net serieus yn nommen wurdt. De regisseur fan Sick of Myself, Kristoffer Borgli giet fierder, yn Worst Person bygelyks wurdt noch sympaty wûn mar Signe, it haadpersonaazje fan Sick of Myself, wurdt just hieltyd treuriger en yrritanter, wat har tagelyk grappiger en ynteressanter makket.
Sjoen wurde wolle
It gesicht fan Signe rekket hieltyd mear skeind en se kriget faker lêst fan waantinkbylden, yn de twadde helte bliuwt de film grappich, mar hy spilet net op de kwetsberens fan de karakters yn. Hy ferliest dêr, yn sênen dêr’t wol kânsen leine, in bytsje oan djipte troch. Wol wurdt der troch de film op dy djipte doeld en dat hâldt it nijsgjirrich.
Wy krije gjin sympaty foar Signe, dy’t spile wurdt troch Kristine Kujath Thorp, dy’t we earder seagen yn de Noarske swangerskipskomeedzje Ninja Baby, mar we begripe har wol. Wy binne allegearre wolris bang om net sjoen te wurden en longerje nei kompliminten en wurdearring.
De film bliuwt boeiend, hat by tiden wol wat fan in body horrorfilm en hat dy echte Skandinavyske tsjustere humor.
Wy jouwe dizze film 3.5 stjerren.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje