Reaksje FNP op advys ferkenner Stoffer: ‘Tige spitich, mar wy bliuwe striidber’
Resint ferskynd
De FNP reagearret teloarsteld op it einrapport fan ynformateur Stoffer. Yn it rapport advisearret Stoffer om in kombinaasje fan de partijen BBB, PvdA, CDA en CU fierder ûndersykje te litten oft sy ta in akkoart komme kinne.
De FNP fynt de kar bysûnder, omdat it hjir neist de BBB as grutte winner fan de ferkiezingen giet om trije ferliezende partijen en/of twa Haachske regearingspartijen. Fraksjefoarsitter Sijbe Knol: “Wy hiene oars ferwachte, ek nei oanlieding fan de petearen mei Stoffer. Tematysk sitte wy hielendal net fier fan inoar ôf en de kiezers hawwe de FNP wer in stevich mandaat jûn. As iennichste partij hawwe wy net ferlern en yn absolute oantallen binne wy groeid.”
De FNP neamt de kar fan Stoffer en de BBB dan ek net logysk mei it each op de opdracht fan Provinsjale Steaten om rjocht te dwaan oan de ferkiezingsútslach. Knol: “Mar wy binne net ferslein troch dit nijs. Kommende woansdei sille wy ús miening by it saneamde ‘tsjuttingsdebat’ fierder taljochtsje. Mar fansels seagen wy it leaver oars. Provinsjale Steaten binne it heechste orgaan fan ús provinsje. Wat der fierder ek út de ûnderhannelingen komt en hoe’t it kolleezje der aanst ek út komt te sjen, wy bliuwe op hokker plak dan ek striidber.”
De partij jout oan mei in fierdere reaksje te wachtsjen oant kommende woansdei, de gearkomste fan Provinsjale Steaten.
Spitich, wol ferklearber! De FNP sit sa ticht by de BBB , dat der fest op rekkene wurdt dat sy fansels de feste “meistemmers” binne??
Och in soad boeren hawwe neat mei it mei it Frysk. Dy wolle yn harren lytsichheid grut tinke. Wy ferkeapje oer hiel de wrâld, dan moat it Ingels wêze. Sy ferjitte dat der oeral Friezen wenje. En it kin samar wêze dat de keaper ek in Fries is.
Ik bin der net wis fan dat de BBB altyd sa ticht by de FNP sit, dy partij liket dochs wol wat lanliker ynsteld te wêze. Sjochtst bygelyks werom by Ternaard. Ik hoapje dat de BBB har dochs mear foar it Fryske lânskip ynsette sil, as se oant dit stuit sjen litte hawwe.