Protte ekstra minsken foar Fryske les yn Noard-Fryslân

april 5, 2023 13:54
It Nordfriisk Instituut (eigen foto)

It Nordfriisk Instituut yn Bräist kriget in grutte subsydzje om de Fryske lessen op skoallen yn Noard-Fryslân te ferbetterjen. It ynstitút kriget alle jierren in heal miljoen euro. Dat is genôch om seis minsken oan te stellen.

Ferline jier wie der yn Noard-Fryslân in kongres fan leararen Frysk. Dy diene doe dúdlik te witten dat hja it allinnich net mear oankoene. Der wie tefolle wurk foar te min minsken. Omdat de taal sa lyts is, binne der amper learmiddels. Dy moatte de leararen dus faak sels meitsje. De polityk hat goed harke en jout no ekstra jild om de leararen te stypjen.

Fan de befolking fan Noard-Fryslân praat minder as tsien persint mear Frysk. De taal is yn de measte gebieten slim bedrige. Allinne op de eilannen Feer en Oomram en yn de gemeente Risem-Loonham wurdt it Frysk noch in protte yn it deistich bestean brûkt. In probleem is dat de Noard-Fryske dialekten sa ferskillend binne dat de sprekkers inoar net altyd goed fersteane. Der is dan ek gjin Noard-Fryske standerttaal.

De nije meiwurkers krije as taak om in trochgeande learline op te setten, dy’t rint fan it pjutteboartersplak oan ‘e universiteit ta.

april 5, 2023 13:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.