Presintaasje earste edysje mei Ingelske oersetting fan it Frysk Lânrjocht út de 15e iuw

april 15, 2023 10:06

Fan ’t maitiid presintearje dr. Han Nijdam (Fryske Akademy), prof.em.mr. Jan Hallebeek en mr.dr. Hylkje de Jong (Frije Universiteit Amsterdam) in nije útjefte fan it Freeska Landriucht, nammentlik de earste krityske edysje mei in Ingelske oersetting: Frisian Land Law. A Critical Edition and Translation of the Freeska Landriucht.

Boarne: Fryske Akademy

Om 1485 hinne waard de iuwenâlde samling fan it Aldfryske rjocht printe, foar in part datearjend út ‘e 11e iuw. Dizze ynkunabel waard bekend ûnder de namme Freeska Landriucht of Frysk Lânrjocht. Yn de tekst waarden ek Latynske glossen opnommen, mei ferwizingen nei it Kanonike en Romeinske rjocht, in tradysje dy’t yn ‘e 13e en 14e iuw ûntstien wie.

Boekpresintaasje
It earste eksimplaar wurdt op moandei 8 maaie oanbean oan prof.dr. Jan Willem Sap. Sap is as rjochtsgelearde ferbûn oan de Frije Universiteit Amsterdam. Hy is in pakesizzer fan Prof.dr. Klaas Fokkema, heechlearaar Frysk, dy’t yn 1967 hommels ferstoar wylst er noch oan it wurk wie oan in edysje fan Freeska Landriucht. It wie al kommen ta in earste prinktkladde fan útjouwerij Martinus Nijhoff, dy’t de rige Oudfriese Taal- en Rechtsbronnen fersoarge.

De nije edysje, dy’t no lang om let in feit is, is útbrocht by de ynternasjonale útjouwerij Brill, yn de rige Medieval Law and Its Practice. It is moai om te witten dat ûnderwilens Martinus Nijhoff in imprint wurden is fan Brill.

Alle ynformaasje oer de boekpresintaasje wurdt meikoarten bekend makke. It boek is no al te keap fia Brill, en is ek beskikber as in open access E-book (fergees del te heljen).

Boarne: Fryske Akademy

april 15, 2023 10:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.