Plombrief foar Joana Duarte
Resint ferskynd
De Ried fan de Fryske Beweging stjoert regelmjittich Plombrieven nei persoanen of ynstânsjes dy’t har ynsette foar it Frysk. Op 6 april gie der sa’n Plombrief nei Joana Duarte.

Joana Duarte (boarne twitter / Joana Duarte)
De Ried fan de Fryske Beweging wurdearret it stribjen fan Joana Duarte tige om har warberens foar it Frysk yn it algemien en yn it bysûnder om har Fryske identiteit fêst te lizzen troch by de ynboargeringseremoanje op 18 jannewaris ll. de belofte fan ferbûnens mei Fryslân yn it Frysk út te sprekken. Dêrmei ferfollet hja in foarbyldrol foar bûtenlanners dy’t har yn Fryslân fêstigje.
Boppedat spilet hja as lektor meartaligens in wichtige rol yn it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk yn it heger ûnderwiis yn Fryslân en as heechlearaar Wrâldboargerskip en Twatalich Underwiis oan de Universiteit van Amsterdam. Op grûn dêrfan hat de Ried fan de Fryske Beweging besletten Joana Duarte in “plom” ta te kennen.
Yn har reaksje lit Joana Duarte ûnder oaren witte de takenning fan de Plombrief as in eare te beskôgjen. It docht har deugd te hearren dat har wurk en ûndersyk yn en oer ûnder oaren it Frysk, yn in meartalige kontekst, de Ried sa oansprekt.
En oer har naturalisaasje: Myn naturalisaasje wie einlik fansels in priveekwestje, mar om’t bliken die dat it yn de praktyk by de gemeente Ljouwert net fanselssprekkend wie om yn it Frysk te ferklearjen en te ûnthjitten dat ik de ferklearring fan ferbûnens ûnderskriuw, haw ik miend dat ik dêr dochs omtinken foar freegje moast, sadat it foar oaren nei my fanselssprekkender is om soks te dwaan, en dat hja op de fraach oft it ek yn it Frysk kin net as antwurd in fraach krije (“Maar u wilt toch Nederlander worden?), mar ynstee dêrfan op de mooglikheid wiisd wurde om de eed of belofte yn it Frysk ôf te lizzen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje