Opnij ûntdutsen skilderij fan Brueghel smyt yn Parys hast acht ton op

april 10, 2023 08:19

In opnij ûntdutsen skilderij fan de Flaamske skilder Pieter Brueghel de Jonge (1564-1638) hat op in feiling yn Parys 780.000 euro opsmiten. It wurk hong jierren efter in doar yn de telefyzjekeamer fan in Frânske húshâlding.

‘Dorpsadvocaat’ fan Pieter Brueghel de Jonge (boarne: Wikipedia/Museum voor Schone Kunsten MSK Gent – publyk domein)

De famylje hie it yn it jier 1900 oankocht, mar yn ’e rin fan de jierren wie de neiteam fergetten om watfoar weardefol skilderij it gie. “Hja neamden it wol leafkjend ‘De Brueghel’, mar hiene der gjin aan fan dat it om in orizjineel wurk gie”, fertelt in feilingmaster fan feilinghûs Daquerre Val de Loira oan de parse. It wurk ‘Dorpsadvocaat’ waard tusken 1615 en 1617 skildere en toant in brûzend juristekantoar yn in doarp. It doarpslibben is in tema dat Brueghel faak fêstlei.

It skilderij is 112 sintimeter heech by 184 breed, it op ien nei grutste wurk fan Brueghel de Jonge. Hy wie de soan fan Pieter Bruegel de Alde (sûnder H yn syn efternamme), ien fan de wichtichste keunstners fan de Flaamske renêssânse en skilder fan ‘De Toren van Babel’.

april 10, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.