Nije spektakulêre Webb-foto: Uranus mei ringestelsel
Resint ferskynd
Yn 1986 brocht in NASA-sonde de ringen fan Uranus as earste yn byld, lykwols like op dy Voyager-foto’s de planeet fan in ôfstantsje dochs foaral op in saaie blaugriene pingpongbal mei sawat ûnsichtbere ringen. De James Webb-romteteleskoop jout no in hiel oare blik op de planeet: net allinnich de ringen binne folle better te sjen, mar ‘wolkens’ yn de atmosfear ek.

Uranus troch James Webb-teleskoop (boarne: NASA, ESA, CSA, STScI)
Uranus is de tredde bûtenplaneet dy’t de teleskoop op in nije wize yn byld bringt, nei Jupiter en Neptunus. “De gegevens fan Webb litte sjen hoe gefoelich oft de teleskoop is. Sels de swakste stofringen wurde sichtber”, skriuwt NASA. Fan de trettjin bekende ringen binne der alve op de Webb-foto te sjen.
Stoarmen yn de atmosfear
Trochdat de teleskoop yn it ynfrareadspektrum sjocht, binne der ek mear details te sjen. “It is te sjen hoe dynamysk oft de atmosfear fan Uranus eins is.” Oan de rjochterkant fan de planeet is op ’e foto in grut, helder gebiet te sjen dat in ‘poalkap’ neamd wurdt, dy’t ferskynt en ferdwynt neigeraden der mear of minder sinneljocht op falt. De Webb-data kinne wittenskippers better helpe te begripen hoe’t dat meganisme wurket.

Uranus troch James Webb-teleskoop (boarne: NASA, ESA, CSA, STScI)
Krekt bûten dy ‘poalkap’ en lofts oan ’e râne fan Uranus falle noch twa lytse heldere stippen op. Dy ljochte plakken, benammen op de ynfrareadopnamen goed te sjen, wurde wolkens neamd. Dy binne typysk foar de gasreus en hawwe nei alle gedachten mei stoarmen yn de atmosfear te krijen. Grutter yn byld brocht binne op de bylden fan de romteteleskoop ek seis fan de 27 moannen fan Uranus sichtber, as heldere blauwe stippen.
Neffens NASA wie de foto fan Uranus “mar in opname fan tolve minuten mei twa filters” en sil mear ûndersyk mei de romtesjogger folgje. “Dit is pas it topke fan ’e iisberch as it giet om wat Webb dwaan kin by it observearjen fan dizze mysterieuze planeet.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje