Nije en gruttere skuorren yn Helderske fjoertoer Lange Jaap
Resint ferskynd
De steat fan fjoertoer ‘Lange Jaap’ yn Den Helder wurdt hieltyd minder. Yn 2021 waard al warskôge foar ynstoartingsgefaar. In nije ynspeksje hat no útwiisd dat der trije nije skuorren by kommen binne.

Lange Jaap (foto: Wikipedia/Soliman – CC BY-SA 3.0)
In part fan de besteande skuorren wurdt hieltyd grutter, sa docht bliken út it rapport dat op fersyk fan it Helderske Keamerlid Harmen Krul (CDA) mei de Twadde Keamer dield is. Underwilens binne 22 skuorren as ‘kritysk’ oanmurken, skriuwt NH Nieuws. Yn it bouwurk is ek focht en koroazje konstatearre. It focht is troch de skuorren nei binnen kommen. Wat de gefolgen fan it grutter wurden fan de skuorren binne, wurdt noch ûndersocht.
Ynstoartingsgefaar
De toer, dy’t eins fjoertoer Kijkduin hjit, mar bekend stiet as Lange Jaap, hat al sûnt 1998 skuorren yn de flierren. Twa jier lyn bliek by in ynspeksje dat ek skuorren yn de muorren sitte, wat ynstoartingsgefaar oplevere. Dêrop waard de omjouwing fan de fjoertoer ôfset, ynklusyf de neistlizzende Seewei. It bouwurk is sels sa ûnfeilich dat gjin reparaasjes útfierd wurde kinne, lit Rykswettersteat witte.
In ûndersyk mei in drone ferline jier maaie wiisde út dat it dochs wol feilich is om yn de omjouwing fan de toer te kommen, en de Seewei by de toer waard doe wer iepensteld. Allinnich by in stoarm fan wynkrêft 9 of swierder is de omkrite net mear feilich, skreau de regionale omrop earder.
Om de toer no dochs noch rêde te kinnen, hawwe eksperts en belutsenen by Rykswettersteat fjirtjin ideeën yntsjinne. Dy wurde no beoardiele. It 63 meter hege bouwurk is de heechste fjoertoer fan Nederlân. By helder waar is it ljocht fan de toer op 54 kilometer ôfstân te sjen. It reade bouwurk út 1877 is sûnt 1988 in ryksmonumint.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje