Natuertafersjochhâlders FUMO kontrolearje ekstra yn ’e maitiid
Resint ferskynd
Yn ’e maitiid kontrolearret de FUMO ekstra op it neilibjen fan de Wet natuerbeskerming. Sa hawwe de bûtengewoan opspoaringsamtners (boa’s) fan de Fryske Omjouwingstsjinst de ôfrûne wykeinen dêr yn natuergebieten op kontrolearre. Se konstatearren ferskate oertrêdingen. Fan it fiskjen mei libben ies oant losrinnende hûnen dêr’t dat net tastien is. Foar dy oertrêdingen binne boeten útdield.

Foto: pixabay.com
De Fryske Omjouwingstsjinst FUMO behannelet fergunningen en hâldt tafersjoch op it miljeu en de natuer. De natuertafersjochhâlders en boa’s fan de FUMO surveillearje yn bûtengebieten en kontrolearje of de Wet natuerbeskerming neilibbe wurdt. No’t de maitiid wer oanbrutsen is, hifket de FUMO mear yn ’e Fryske natuergebieten en wurdt yntinsyf tafersjoch holden op de soarchplicht foar greidefûgels.
Natuer is kwetsber
It briedseizoen is krekt oanbrutsen. Oare bisten, lykas reeën, dassen en hazzen krije no ek jongen. Yn dy rite is de natuer kwetsber. In losrinnende hûn dy’t krekt efkes oan it omtinken fan syn baaske ûntkomt, kin dan in protte skea oanrjochtsje. Dêrom hâldt de FUMO it hiele jier troch tafersjoch, ek jûns of yn it wykein.
Te gast yn natuergebiet
Yn kwetsbere natuergebieten jilde regels. Dy steane altyd dúdlik op de tagongsbuorden oanjûn. Bygelyks dat allinnich op paden en wegen kuiere wurde mei en dat hûnen oan ’e riem moatte. Soms ferjitte minsken dat se yn in natuergebiet te gast binne. Dêrmei riskearje se in flinke boete. It boetebedrach foar in losrinnende hûn yn in natuergebiet is hûndert euro.
De Fum moat ris wat mear lette op it brûken fan pestisiden. Dy boeren dogge dat faak by nacht ha ik by erfaring. De fraach is oft se de tastiene mingsels en reseptuer brûke.