Natuer yn fjouwer gebieten yn Nederlân yn minne steat

april 2, 2023 08:22

De natuer yn fjouwer gebieten yn Limburch, Súd-Hollân en Utert is der net goed oan ta en de provinsjes hawwe te min ynsjoch yn de oarsaken fan de problemen. Dat seit de Ekologyske Autoriteit (EA) op grûn fan de earste natuerdoelanalyzes dy’t dy provinsjes makke hawwe.

Maasduinen yn Limburch (foto: Wikipedia/Michiel Verbeek – CC BY-SA 3.0)

Yn dy analyzes rapportearje provinsjes hoe’t it mei stikstofgefoelige natuergebieten giet. De Ekologyske Autoriteit beoardielet de analyzes en jout advys oer maatregels. It binne de earste fjouwer fan de yn totaal 130 natuerdoelanalyzes dêr’t de EA nei sjen sil.

De problemen yn de fjouwer gebieten binne ferskillend, mar hâlde neffens de EA allegearre ferbân mei te folle stikstof, te min of te folle wetter en in minne wetterkwaliteit. Omdat noch in protte ûndúdlik is, moatte provinsjes mei oanfoljende ynformaasje komme. “Hoe wurket it dêr wat boaiem, wetter en lucht oanbelanget en yn de wikselwurking mei planten en bisten?”, wol de autoriteit witte. Dy ynformaasje is nedich om te witten “oan hokker knoppen draaid wurde kin” om de natuer wer sûn te meitsjen.

Meinweg en Maasduinen
Yn de twa analysearre natuergebieten yn Limburch is de situaasje oantoanber minder wurden, seit de EA. It giet om De Meinweg eastlik fan Roermond en om Maasduinen by Venray. It advys is dat de provinsje de stikstofdelslach sa gau mooglik ferleget en it ferdrûgjen tsjingiet. Yn Maasduinen soe de drûchte oanpakt wurde kinne troch minder grûnwetter te ûntlûken. In oplossing foar De Meinweg is it better trochstreamen fan wetter, jout de EA oan. Ekstra ûndersyk yn de twa natuergebieten moat útwize wat noch mear barre moat om de natuer net minder wurde te litten.

Súd-Hollân en Utert
De twa oare natuerdoelanalyzes dêr’t de EA nei sjoen hat, geane oer de beskerme natuergebieten Broekvelden, Vettenbroek & Polder Stein yn it Griene Hert en de Nieuwskoopse Plassen & De Haeck by Alphen aan den Rijn (Súd-Hollân en Utert). De steat fan de natuer is dêr op it stuit net goed, neffens de autoriteit. Om fierdere efterútgong tsjin te gean, advisearret de EA maatregels op it mêd fan it wetterpeil, it ferleegjen fan de stikstofútstjit en it ferminderjen fan it ôfbrôzeljen fan de wâlen. Foar fierdere maatregels is mear ûndersyk nedich.

Wat docht de Ekologyske Autoriteit?
De Ekologyske Autoriteit is ynsteld troch stikstofminister Van der Wal. It is in ûnôfhinklike kommisje dy’t bestiet út saakkundigen fan ûnder mear universiteiten, advysburo’s en Steatsboskbehear. “Allegearre binne se ûnôfhinklik en bringe se mei senioriteit harren spesifike kennis en ûnderfining yn”, is te lêzen op de side fan de EA. De saakkundigen beoardielje natuerdoelanalyzes. Dat binne livige rapporten dy’t provinsjes en twa ministearjes by de EA oanleverje moatte. Oant yn de lytste details moat de steat fan de natuer foar stikstofgefoelige gebieten beskreaun wurde. Der stiet ek yn wat fan plande maatregels ferwachte wurdt. De kommende tiid wurde 130 fan dy analyzes ferwachte.

Eksperts fan de EA besjogge de rapporten en geane dan op paad om te sjen hoe’t it mei de natuer steld is. Op grûn fan harren befiningen ferskynt in advys om de analyzes oan te passen. En op basis dêrfan kin de polityk dan wer knopen trochhakje. As in provinsje gjin natuerdoelanalyze oanleveret, kin ek gjin berop dien wurde op it fûns fan 25 miljard euro, dat ornearre is om de kwaliteit fan de natuer te ferbetterjen.

april 2, 2023 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.