NASA kiest by moannemisje foar it earst foar frou en swarte man yn ploech
Resint ferskynd
Oan de earste beminske NASA-misje nei de moanne yn goed fyftich jier tiid nimme foar it earst in swarte man, in frou en in Kanadees diel. De fjouwerkoppige ploech fan astronauten is buorkundich makke op in parsekonferinsje fan de Amerikaanske romtefeartorganisaasje.

De Artemis II-ploech, f.l.n.r. Christina Hammock-Koch, Reid Wiseman (sittend), Victor Glover en Jeremy Hansen (foto: NASA/Josh Valcarcel)
Reid Wiseman, Victor Glover, Christina Koch en de Kanadees Jeremy Hansen binne foar in flecht om de moanne selektearre. Op Hansen nei hawwe se allegear praktykûnderfining yn ’e romte. It fjouwertal is út in foarseleksje fan 45 astronauten keazen. “Dit is de ploech fan de minskheid”, sei NASA-sjef Bill Nelson.
De trije astronauten sille op syn betiidst takom jier op wei nei de moanne. It bliuwt by in rûntsje om it wite himellichem; de misje is in generale repetysje foar in nije lanning op ’e moanne.
De lêste moannelanning datearret út 1971. De bemanning fan de Apollo 17 brocht dêr eartiids tolve dagen troch. Yn totaal hawwe 24 astronauten meidien oan moannemisjes, fan 1968 oant en mei 1972. Tolve manlju hawwe yndied in moannekuier makke.
In lange tiid leine de prioriteiten op it mêd fan romtefeart by oare saken. Mar de lêste tiid is it drok op en om de moanne. Ferskate lannen hawwe der satelliten, lanningstastellen en rovers hinne stjoerd.
Besjoch in filmke fan de Artemis II-ploech fan NASA:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje