Myn taal is okee, dus ik bin okee!
Resint ferskynd
Op 13 april tilde it yn De Haach op fan Friezen. Dêr wie de Dingtiidlêzing oer 25 jier Hânfêst foar Europeeske minderheidstalen. Sprekkers wiene Tiny Cox, foarsitter fan de Parlemintêre Assemblee fan de Ried fan Europa en Heinrich Winter, heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins.
Cox, in Brabanner dy’t troch de organisaasje foar Limboarger oansjoen wie, hold in besteklik praatsje oer wat it hânfêst betsjut. Hy hie lykwols in serieuze konklúzje: it koe minder, mar wier wol hielwat better as dat it mei minderheidstalen yn Nederlân giet.
Winter kaam ta deselde konklúzje. Beide wiene se it deroer iens dat wetjouwing bestiet om jin deroan te hâlden. Sanksjes tsjin lidsteaten soene net oan ’e oarder wêze moatte. It wie lykwols te merkbiten dat net elkenien yn de seal it dêrmei iens wie.
Winter syn redenaasje wie dat Europa, it Ryk en de provinsje in soad oan it minderheidstalebelied dogge. Hy seach foaral in grut hiaat yn de rol dy’t de gemeenten spylje. Dy soene mei in ‘lokaal hânfêst’ komme moatte. Se fiele har no te min ‘eigener’ fan de taalkwestjes. Yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer is opnommen dat gemeenten in taalbeliedsplan en in taalferoardering meitsje moatte. Dat kin better troch de ynwenners derby te belûken. Troch it in lokaal hânfêst te neamen, wurdt mear ynteresse by de ynwenners foar de taal kreëarre.
Jan Dykstra, wethâlder fan de gemeente Waadhoeke koe him net yn it ferhaal fan Winter werom. Mei Uitnodigend, Zichtbaar & Vertrouwd hat de gemeente Waadhoeke in taalbelied dat in foarbyld foar in soad oare gemeenten is. As wichtichste punt neamde Dykstra de taalkoördinator. Want as de hjoeddeistige wethâlder fuortgiet, bliuwt dy sitten. Sa is it taalbelied bliuwend ferankere.
Skriuwer en oersetter dr. Liuwe H. Westra wiisde mei in ferliking nei it smookbelied derop dat it wol wichtich is om in ‘heakje’ yn de regeljouwing te hawwen om op werom falle te kinnen. As sa’n heakje der yn it smookferbod yn iepenbiere gebouwen net west hie, dan hiene no alle doarpshuzen noch blau fan de reek stien. Regeljouwing hat in funksje om te ferbjusterjen en minsken oan it tinken te setten.
In oanwêzich âld-lid fan it Ekspertkommittee foar de Minderheidstalen fan de Ried fan Europa sei dat se wiis is mei de foarútgong dy’t it hânfêst neffens har brocht hat. Se is fan betinken dat de lokale oerheid ek ferge wurde moat op syn ferantwurdlikens. Se wiisde der wol op dat soks de Ryksoerheid net ûntslacht fan de eigen soarchplicht.
Dichteres Gabrielle Terpstra reflektearre op de diskusje. In gearfetting: we dogge it net sa min, mar it kin better. Soargje derfoar dat elkenien wit: myn taal is okee, dus ik bin okee!
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje