Meldingen ynbraak en ynternetkriminaliteit yn Fryslân sterk tanommen

april 19, 2023 09:23

Yn it earste fearnsjier fan 2023 naam it tal meldingen fan sawol ynbraak as ynternetkriminaliteit yn Fryslân slim ta, ferlike mei it earste fearnsjier fan 2022. Lanlik sjoen bleau it tal oanjeften fan ynbraak yn wenten en ynternetkriminaliteit lykwols aardich stabyl. Dat docht bliken út analyze fan plysjesifers troch BeveiligingWijzer.nl.

Foto: pixabay.com

In protte ynbraakmeldingen mear yn Fryslân
Naam it tal ynbraken yn it earste fearnsjier lanlik yn trochsneed mei 4% ôf, yn Fryslân gie it just mei 27% omheech. Yn it earste fearnsjier fan 2023 wiene yn Fryslân de measte ynbraken op tsientûzen ynwenners, wylst Ljouwert dêr lanlik sjoen by op it sechsde plak stie.

Ynternetkriminaliteit nimt eksplosyf ta
It tal meldingen fan ynternetkriminaliteit gie yn Fryslân ek bot omheech. Lanlik waard in stiging fan yn trochsneed mar 2% metten, mar yn Fryslân fan goed 21%. De measte Fryske meldingen fan digitale kriminaliteit waarden yn Ljouwert dien.

Mear ynbraaksifers binne te finen op: www.beveiligingwijzer.nl/cijfers-inbraak-cybercrime-2023.

april 19, 2023 09:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.