Mei Emmanuel Macron nei in nij Europa ?
Resint ferskynd
Thús en ynternasjonaal leit Macron ûnder fjoer. Ofsjoen fan in koart ynsidint koe de presidint tiisdei 11 april yn Den Haag in oere lang sûnder problemen oer de takomst fan Europa prate.
Pier Bergsma

Tagongskaart Pier Bergsma
Op steatsbesite oan Nederlân kaam de Frânske presidint op tiisdeitemiddei 11 april nei Den Haag om in lêzing te hâlden oer ‘The future of Europa’. Dat wie op útnûging fan it ‘Nexus-Instituut’, in ûnôfhinklike organisaasje foar Europeesk humanisme.
Op 9 novimber 1989 foel de Berlynske muorre. Trije jier letter publisearre Francis Fukuyama Het einde van de geschiedenis en de laatste mens. Neffens him hie de skiednis oantoand dat de takomst fan it minskdom leit yn it kapitalisme en de liberale demokrasy. It optimisme wie grut. In moai foarbyld dêrfan is it boek Made yn Europa. De kunst die ons continent bindt dat 25 jier letter, yn maart 2014 útkaam. Pieter Steinz (1963 – 2016) beskriuwt der “208 culturele verworvenheden” fan Europa mei bygelyks Jacques Brel, mar ek Pippi Langkous, de Matthäus-Passion, James Bond en de Russyske skilder Malevitsj komme oan bar.
Dat optimisme is ferdwûn
Fan dat optimisme fan doe is neat mear oer. It boek kaam út in pear moanne foardat yn dat jier, op 17 july, de MH 17 delsketten waard boppe Oekraïne. De oarloch yn dat lân is net it iennige probleem dêr’t Europa en de wrâld mei wrakselje. De krisis omn it klimaat hinne en in hast ûnbehearskbere migraasje sille de kommende jierren om drastyske oplossingen freegje. De liberale demokrasyen fan Europa drage in grutte ferantwurdlikheid om dy problemen helpe op te lossen en it is de polityk dy’t besluten nimme moat.
Ien fan de politisy, dy’t him fan it momint fan oantreden yn maaie 2017 mear as ien kear útlitten hat oer de takomst fan Europa, is de Frânske presidint. Hy die dat bygelyks al nei in healjier, op 29 septimber, yn Paris op de Sorbonne: “De iennichste manier om ús takomst te garandearjen is it bouwen fan in soeverein, feriene en demokratysk Europa.” In jier letter yn it Europeeske Parlemint yn april 2018 ûnderstreke Macron dat wy yn Europa in unike kultuer hawwe mei respekt foar minderheden, mei lykweardigens tusken manlju en froulju en mei respekt foar it persoanlik libben. Dat binne saken dy’t wurdich binne om te ferdigenjen.
De takomst fan Europa is foar Nexus al jierren in wichtich ûnderwerp. Tweintich jier lyn nûgen se skriuwer en filosoof George Steiner (1929 – 2020) út foar in lêzing. Letter útjûn as De idee Europa mei as ien fan syn konklúzjes – aardich foar Fryslân – dat der eins gjin lytse talen binne en dat elke taal romte krije moat om yn stân te bliuwen.
Mar no dus Macron yn Den Haag
In oere letter as oankundige kaam Macron ûnder de muzyk fan it Europeeske folksliet de grutte seal fan Amare yn. De 1500 besikers hiene doe al in tal Frânske sjansons beharkje kinnen. Noch amper te plak waard oan it balkon in spandoek hongen mei de tekst “President of violence and hypocricy”. Wat de aksjefierders rôpen wie net goed te ferstean, mar it gie yn elk gefal oer it demokratysk gehalte fan Macron yn ferbân mei de ferheging fan de pensjoenleeftyd yn Frankryk. Se waarden ôffierd troch de befeiliging en de rêstich bliuwende Macron koe der sadwaande net op reagearje.
Lykas yn eardere taspraken ûnderstreke Macron it belang fan in eigen Europeeske polityk. In pear dagen earder, op syn weromreis út Sina wei, krige er op dat stânpunt om in eigen koers te folgen, bygelyks yn de ferhâlding mei Taiwan, in soad krityk.
Wês in patriot, mar gjin nasjonalist
Yn Den Haag beheinde hy dy selsstannige koers benammen ta it mêd fan enerzjy en yndustry ek yn it ljocht fan de klimaatproblemen en de needsaaklikheid fan it behâld fan de natuer. Soks betsjut foar Macron in nij ekonomysk model mei in eigen Europeeske soevereiniteit, needsaaklik om te oerlibjen. Wy moatte ús net ôfhinklik meitsje fan krêften dêr’t wy gjin ynfloed op hawwe. It giet om in kompetative hâlding, mei in eigen identiteit en yn goede gearwurking mei-inoar.
Yn it grutte Europa kinne wy opkomme foar ús eigen lân, taal, muzyk en literatuer, mar yn respekt foar oaren. Sa wurdt de Europeeske kultuer mei it humanisme, de frijheid en it sosjale model in bynmiddel foar allegearre. Macron: “Wês in patriot, mar gjin nasjonalist.”
It is bekend dat profeten yn harren eigen lân net wurdearre wurde. Miskien rint Macron mei syn opfettingen oer in ûnôfhinklik Europa tusken Sina en de Feriene Steaten wol te fier foar de troepen út. De tiid sil it leare.
Dit artikel stie moandei 17 april yn wizige foarm op de opinyside fan de Leeuwarder Courant
Pier Bergsma is frankofyl en wennet yn Hurdegaryp.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje