Mear en langer stipe foar enerzjykoöperaasjes

april 19, 2023 10:09

Enerzjykoöperaasjes yn Fryslân kinne al mear as trije jier finansjele stipe foar lokale enerzjyprojekten by de provinsje oanfreegje. Dy regeling soe op 30 april ôfrinne, mar Deputearre Steaten hat juster besletten om der langer mei troch te gean en de subsydzje te ferheegjen. De koöperaasjes kinne no oant 31 desimber 2023 maksimaal € 5.000 foar in projekt oanfreegje. Mei-inoar hawwe al 48 inisjativen subsydzje krige. Oanfregers kinne yn totaal fiif kear gebrûk meitsje fan de regeling.

Foto Provinsje Fryslân

Fanwegen it maatskiplik belang fynt it provinsjebestjoer it wichtich om yn de enerzjytransysje de enerzjykoöperaasjes bliuwend te stypjen. Lokale inisjativen krije sa mear kâns om útfierd te wurden. De subsydzje wurdt faak brûkt foar profesjonele stipe. Dy is tige belangryk: oan de iene kant om de útfiering te befoarderjen, oan de oare kant om lokale inisjativen te beskermjen tsjin ûnnedige risiko’s.

 

april 19, 2023 10:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.