Man fynt enoarme goudklomp yn Australië mei in wearde fan 150.000 euro

april 17, 2023 08:11

In Australyske hobbygoudsiker hat de fynst fan syn libben dien. Hy stjitte yn de ‘Gouden Trijehoeke’ yn de steat Victoria op in goudklomp fan 2,6 kilogram.

Foto: pixabay.com

It goud siet yn in stien fan 4,6 kilogram. De stien is ferkocht oan de lokale goudhanneler Darren Kamp. Dy seit dat it goud in wearde hat fan omrekkene goed 148.000 euro. “Dit is in fynst dy’t men ien kear yn jins libben docht”, seit er yn Australyske media. De man dy’t de goudklomp fûn, wol anonym bliuwe. Neffens Kamp kaam de man in pear wike lyn by him: “Hy sei: ‘Ik wol dy wat sjen litte. Tinkst dat ik hjir 10.000 dollar foar krije kin?’” Doe’t er de stien yn ’e hân hie, fielde Kamp dat er der maklik 100.000 Australyske dollar (61.000 euro) foar krije koe.

As wie de ferrassing noch net grut genôch, melde de finer doe dat it noch mar de helte fan de stien wie: de oare helte lei noch thús. “Wow, myn frou sil hjir bliid mei wêze”, soe de goudsiker doe sein ha.

Gouden Trijehoeke
De stien waard fûn yn de saneamde Gouden Trijehoeke, in gebiet tusken de plakken Ballarat, Bendigo en St. Arnaud yn de steat Victoria, yn it súdeasten fan Australië. Saakkundigen rûze dat yn de goudfjilden yn Victoria noch sa’n 2,1 miljoen kilo oan goud sit. By de goudkoarts fan sa’n 170 jier lyn waard al sa’n 2,2 miljoen kilo goud út de grûn helle. Tsjintwurdich wurde der noch hieltyd geregeld lytse bytsjes goud fûn, mar 2,6 kilo yn ien stien is tige bjusterbaarlik. Neffens 9News brûkt de man in goedkeape metaaldetektor, fan omrekkene noch gjin 750 euro.

april 17, 2023 08:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.