‘Limburchsk moat deselde status as it Frysk krije’

april 23, 2023 08:28

It Limburchsk moat deselde status as it Frysk krije om te soargen dat de oerheid syn rol as foarlûker fan Limburchsk taalbelied ferfollet en as beskermer en stiper fan de taal aksje ûndernimt en adekwate finansiering beskikber stelt. Dat is de oprop yn in iepen brief dy’t stjoerd is oan it Limburchsk Parlemint fan de gearwurkjende Limburchske taalorganisaasjes bondele yn it Hoes veur ’t Limburgs.

Súd-Limburch (foto: pixabay.com)

De organisaasjes roppe it parlemint op it Limburchsk as spearpunt yn it koälysjeakkoart op te nimmen om te soargjen dat it Limburchsk mei al syn dialekten net ferlern giet. Se wolle dat de Limburchske oerheid mei de nasjonale oerheid yn ûnderhanneling giet en mei de taalorganisaasjes en maatskiplike partners in oanfraach foar Diel III erkenning fan it Limburchsk ûnder it Europeesk Hânfêst opstelt foar 1 desimber 2024. It Frysk hat dy erkenning al en meikoarten ek it Papiamintsk. Alhoewol’t it Limburchsk 25 jier lyn ûnder Diel II fan it Hânfest erkend is, docht bliken dat in fierdere erkenning needsaaklik is om te soargjen dat de oerheid yn aksje komt om de taal te beskermjen en fuort te sterkjen.

Dit jier wurdt ek mei de nasjonale oerheid oer in nij konvenant ûnderhannele. De organisaasjes wolle dat de provinsje en de nasjonale oerheid yn dat konvenant no al guon fan de urgintste saken regelje, lykas it brûken fan it Limburchsk as klassike fiertaal njonken it Nederlânsk yn de berne-opfang, in promininter plak foar it Limburchsk as fiertaal yn de regionale media, gearwurking mei de Limburchske gemeenten foar in lokaal plan fan oanpak om it Limburchsk te stimulearjen en twatalige plaknammebuorden yn de provinsje.

De Limburchske taalorganisaasjes bondele yn it Hoes veur ’t Limburgs wize it Limburchsk Parlemint derop dat it fan grut belang is dat de oerheid no sûnder fierder opûnthâld maatregels nimt om de Limburchske taal mei al syn dialekten te normalisearjen en stimulearjen om derfoar te soargen dat de taal yn dizze en de kommende generaasjes net ferlern giet.

De iepen brief is ûndertekene troch alle gearwurkjende Limburchske taalorganisaasjes dy’t harren krêften bondele hawwe yn it Hoes veur ’t Limburgs. Raod veur ’t Limburgs, Limbörgse Academie, Veldeke Limburg, Levende talen Limburgs, Willy Dols Stichting, Vereniging voor Limburgse Dialect- en Naamkunde, 3M-project en Prof. Dr. L. Cornips (bysûnder heechlearaar taalkultuer yn Limburch oan de Universiteit Maastricht).

Taheakke: Iepen brief oan it Limburchsk Parlemint

april 23, 2023 08:28
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Erwin2.0 april 23, 13:28

    Tocht it net!

    Fansels binne talen yn beweging en de skieding tusken taal en dialekt is foaral polityk. Dochs fyn ik wol dat der in dúdlike taalôfstân wêze moat om fan in taal sprekke te kinnen. Oars fyn ik dat it Frysk yn acht talen opslitst wurde moat. Elk dialekt deselde taalrjochten, stavering, eigen telefyzje, ensafh. Myn miening.

  2. Ferdinand april 23, 22:40

    Goed polityk redenearre.

  3. Bouke Slofstra april 24, 12:59

    Der is op himsels neat dat tsjin dat idee pleitet.
    De streektalen fan Limboarch steane frij fier fan de standerttaal ôf. Se binne yn libben gebrûk. Op ‘e dyk wurdt dêre mear Limboarchsk praat as by ús Frysk. Der is dêre in libbene sjongkultuer yn ‘e streektaal, folle mear as by ús. (Fan ‘e oare kant lêze wy mear boeken yn ús eigen taaal. Of moat ik sizze: liezen?)
    En dat Frysk in taal hjit en Limboarchsk in dialekt, hat mear mei in ferline te krijen. It Frysk hat gjin frankyske foarteam.

    My tinkt oars wol dat al dit amtlike gedoch net folle úthellet. Talen wurde praat, net stipe. En in Limboarger taalbelied neffens Frysk mâl hat gjin doel. It ‘boerefrysk’ is fanâlds frij homogeen. (Wy kinne hjir wol skrieme oer Wâld en Klaai, oer geel en giel, mar dat is lytsguod.) Yn Limboarch binne de streektalen mear in soarte fan stedsk, en yn yn al dy stedsjes wer oars. Kierchroa is gjin Mestreech.

    En – nochris – oer de talige ôfstan mei it standert-nederlânsk. It Westflaamsk wiket krekt sa folle fan it Nederlânsk ôf as it Frysk (en yn it idioom hielendal). De Westflamingen hawwe ek folle minder in Nederlânsk wurdboek yn ‘e holle (sa’t Goffe Jensam seit) as wy. De Nederlânske standerttaal is dêre iin wat dizeniger begryp as hjirre. Wurdt it Westflaamsk mei fleur en faasje stipe? Nee. Dat sil pas gebeure as dy sprekkers sels in hollânsk wurdboek yn ‘e kop hawwe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.