Libbenslange finzenisstraf (ferhaal)

april 29, 2023 09:30

Dit ferhaal giet oer lânwachter J.A. Douma fan It Hearrenfean. Hy wie kommandant fan de ôfdieling Súdeast-Fryslân fan de Lânwacht Nederlân. Dat wie in paramilitêre frijwilligersorganisaasje, oprjochte yn 1943. Yn syn funksje as kommandant hie er ferskate Joaden en ûnderdûkers opspoard. Nei de oarloch moast er foarkomme foar it Bysûnder Gerjochtshôf yn Ljouwert. Der wiene ek 22 tsjûgen foar oproppen.

It ferhearren fan de tsjûgen begûn mei H. Swierstra. Dy joech kursussen oan de folkshegeskoalle Allardseach by Bakkefean. Op de jûn fan 2 maaie 1944 die de lânwacht in oerfal op dy skoalle. Fertochte Douma hie dêr de lieding fan. Sechstjin kursisten waarden oant djip yn ’e nacht ûnderfrege. De oare moarns waarden se mei Swierstra derby nei Ljouwert brocht. Doe’t Swierstra frijlitten wie hat er noch besocht om de kursisten ek frij te krijen, mar doe wiene se al op transport nei Amersfoort. De fertochte skode de ferantwurdlikheid fan dy razzia fan him ôf.

De twadde tsjûge wie T. Cloo. Dy syn soan wurke by de ûndergrûnske, mar wie op it stuit fan de ynfal thús, wie oppakt en nei Amersfoort oerbrocht. Letter kaam er yn Dútslân om. Fertochte, dy’t him foarsteld hie as kommandant, woe de ferantwurdlikheid ôfskowe op plysjeman Grasman. “Stiene jo,” sei de riedshear fan it gerjocht, “as kommandant ûnder in plysjeman?”

Yn Nijeberkeap wiene by in ûnderdûkadres in pear manlju dy’t net rjocht fertroud waarden, troch de lânwachters ûnderfrege. Dy binne doe begûn te praten en hawwe sa skûlplakken fan ferskate ûnderdûkers ferret. De lânwacht pakte it dêrnei grutskalich oan. Bûten de groep fan de fertochte wiene der ek noch lânwachters út Makkingea, Easterwâlde en Wynjeterp dy’t oan dy razzia, yn it holst fan de nacht, meidiene.

Buorkerij fan S. Dijk, Nijeberkeap

Trochdat in waakse hûn oansloech koene de ûnderdûkers ûntkomme troch har yn it roggefjild efter de wenten beskûl te hâlden. Wol fyftjin man, ûnder lieding fan de fertochte, giene de pleats fan de famylje S. Dijk yn, mei omdat op harren list ek noch in thúswenjende soan stie. Mar dy wie mei útnaaid, it roggefjild yn. Dijk en de frou moasten op bêd bliuwe, mar de fyftjinjierrige soan Jan moast mei nei de skuorre. Dêr moast er de lânwachters fertelle wêr’t syn broer wie, oars soene se de pleats yn ’e brân stekke, seine se. Jan sei dat er dat net wist en foege deroan ta dat as er it wol witte soe, hy it noch net sizze soe. De ‘dappere’ lânwachters sochten in tou op en diene Jan in strop om ’e nekke en smieten it oare ein oer de hoannebalke en lutsen him omheech. Doe’t Jan begûn te razen hie de fertochte de skuorre ferlitten, wylst er wist wat der barre soe. De manlju lutsen Jan in pear kear omheech, mar doe waard it lânwachter K.T. út Makkingea te folle. Dy makke in ein oan it ûnminsklik dwaan.

Eldorado foar ûnderdûkers tusken it buorskip Egypte en de Tsjonger

De buorskip Egypte by Nijeberkeap hie yn dy tiid de namme fan it eldorado foar ûnderdûk­ers. Dêr, oan de Tsjonger stie ek it pleatske dêr’t Wouters buorke. Sa’n 25 klandestine gasten besochten dêr de oarloch troch te kommen. Guon wiene der al sa lang dat se kontakt krigen mei Makkingeaster fammen. Oant 12 july 1944 gie alles goed, mar doe krigen se in tip dat der in razzia troch de lânwacht komme soe. De fiif ûnderdûkers dy’t der op dat stuit wiene, binne mei harren hiele hawwen en hâlden nei in skûlplak yn de omkriten flechte.
Op 13 july kamen by Wouters, ûnder lieding fan fertochte Douma, deselde lânwachters dy’t by Dijk yn Nijeberkeap harren soan sa ûnminsklik behannele hiene. Letter op ’e dei kamen in pear ûnderdûkers werom om te sjen oft de lânwachters al fuort wiene. Se waarden oppakt troch de twa ‘Jan Hagels’ dy’t der noch wiene. By it besykjen om fuort te kommen krige Durk Boonstra út Sibrandabuorren in skot hagel yn de hân. Hy en de oare ûnderdûker Stegenga, en ek boer Wouters waarden earst nei Easterwâlde brocht en doe nei Ljouwert. Wouters hat dêr seis wike sitten. Boonstra en Stegenga binne fia Amersfoort nei Dútslân transportearre. Boonstra is dêr net fan wêrom kommen.

W. Douma, in oare ûnderdûker, wie by de famylje De Haan op ’e souder troch de fertochte fûn. Op ’e fyts, mei in ketting om ’e hals, moast er mei. Underweis ried er ynienen ûnferwachts in sleat yn, die it ketting ôf en naaide út. De begelieders skeaten wol op him, mar se hawwe him net rekke.

Dy Douma hawwe se letter nochris oanholden, doe’t er mei Struikmans op in tandem ried. Beide sieten yn it yllegale wurk. Douma koe wer útnaaie, mar Struikmans setten se wer op de tandem mei de fertochte efter him, dy’t him de hiele rit nei Crackstate op it Hearrenfean mei syn revolver yn de rêch dúste. Op Crackstate waard Struikmans wer troch de fertochte tramtearre. In foto fan in Joadsk jonkje en in foto fan de famylje Boonstra dy’t er by him hie, waarden him ôfnommen. Om dy foto’s kaam er letter foar it ferhoar, earst yn Ljouwert en dêrnei yn it Scholtenhuis yn Grins. Dêr moast er ferskate dagen stean, sûnder iten en drinken. Dêrwei is er oerbrocht nei Borkum en letter noch nei Husum, dêr’t er troch de Ingelsken befrijd is.

Op grûn fan alle oanklachten wie de eask fan de offisier fan justysje libbenslang. Hy is úteinlik feroardiele ta achttjin jier finzenisstraf.

Boarne: De Hepkema

Jangerben Mulder

Boarnen

  • De Hepkema (april 1947): ferslach proses Bysûnder Gerjochtshôf
  • H. de Vries: Vijf jaar na vijftig jaar: ynfallen by Dijk en Wolters (mei tank oan de Stellingwarver Schrieversronte)
  • Argyfkommisje Nijeberkeap: foto’s boerepleatsen Dijk en Wouters (mei tank oan Joke Brouwer)
april 29, 2023 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.