Lêzing SMAMF yn Sint Genovevatsjerke Jelsum op sneon 29 april
Resint ferskynd
De Pleatslike Kommisje Jelsum-Koarnjum en húskeamerteäter De Wier fersoargje in bysûndere lêzing fan de Stichting Missing Airmen Memorial Foundation yn de Sint Genovevatsjerke yn Jelsum op sneontejûn 29 april 2023 troch Douwe Drijver en Alexander Tuinhout. Dat yn ferbân mei de kommende dagen 4 en 5 maaie.

Boarne: Bob de Boer Produkties
De lêzing behannelet in stikmannich saneamde fleantúchûngelokken yn Fryslân dêr’t de SMAMF wiidweidich ûndersyk nei dien hat. It faak needlottige ferhaal wurdt troch de sprekkers taljochte oan de hân fan in detaillearre byldpresintaasje. De rol fan de basis Fliegerhorst Ljouwert yn de oarlochsjierren sil ek koart taljochte wurde.

Foto: @Bob de Boer Photography
De SMAMF spant him al jierren yn om de oantinkens oan de loftoarloch yn de provinsje Fryslân libben te hâlden, ûnder mear troch histoarysk ûndersyk, it oprjochtsjen fan monuminten en ynformaasjepanielen, it útbringen fan boekjes oer dy fleantúchûngelokken en it hâlden fan sprekbeurten ta oantinken oan de bemannningsleden fan dy alliearre fleantugen yn de Twadde Wrâldoarloch.

Boarne: SMAMF
Lêzing SMAMF yn Sint Genovevatsjerke Jelsum
Sneon 29 april 2023;
Oanfang lêzing: 20.00 oere;
Doar iepen: 19.30 oere;
Tagongspriis: € 9,50 de persoan.
Reservearje foar de lêzing is net nedich.
Mear ynformaasje oer it evenemint is te krijen by Bob de Boer – tel. 06-54763154 of fia bobdeboer@pinupsanddowns.com en Gerard Veldman – tel. 06-57233622 of fia gfjveldman@gmail.com. Ynformaasje oer de stifting sels stiet hjir: www.luchtoorlogfriesland.nl.

Boarne: SMAMF
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje