Konsert fan Melvin van Eldik yn Doarpstsjerke Huzum op 14 april

april 1, 2023 08:23

Muzikant/dichter Melvin van Eldik sjongt, spilet en fertelt: in programma foar en oer Ljouwert en de Ljouwerters yn Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum.

Melvin van Eldik (eigen foto)

Lietsjes, gedichten en ferhalen mei in laits en in trien. It idee foar syn Ljouwerter lietteksten (en net te ferjitten syn Liwwadder gedichten) wie berne nei it beheljen fan de earste priis by in oersetkriich útskreaun troch de Ljouwerter Krante yn gearwurking mei Stichting Literêre Aktiviteiten Ljouwert, dêr’t it liet ‘A working class hero’ fan John Lennon by oerset wurde moast. Syn Liwwadder oersetting ‘Un held uut de Meenthe’ krige de measte punten.

Melvin wûn ek de earste priis fan de Poetry Slam Zeist, stie yn ’e finale fan NK Poetry Slam yn Utert (2009) en krige de Ljouwerter Pommeranten Pries 2018. Yn Ljouwert binne trije fan syn gedichten te lêzen en te bewûnderjen yn de iepenbiere romte.

Hoewol’t de konserten yn de searje ‘Muzyk +’ fergees tagonklik binne, wurdt in frijwillige bydrage foar de musisy tige op priis steld.

Konsert Melvin van Eldik
Freed 14 april 2023 fan 17.00 oant 18.00 oere;
Doarpstsjerke Huzum, Huzum Doarp 67 Ljouwert.

Wa’t op tiid komt, kin in moai plakje útsykje. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).

Doarpstsjerke Huzum (foto: Jan de Vries)

april 1, 2023 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.