Keningsdeikonsert 2023
Resint ferskynd
Nei in hiaat fan trije jier stjoert de NTR lykas wenst wer it Keningsdeikonsert út. It ûnthjit in brûzjend muzikaal programma te wurden yn Rotterdam Ahoy. It is in spesjale edysje fanwegen de fiering fan tsien jier keningskip. Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima binne dêrby oanwêzich.

Foto: Wikipedia/RVD, Koos Breukel (publyk domein)
Dit jier stiet Rotterdam sintraal mei in ferskaat fan alderhande artysten en in protte ôfwikseling tusken ferskillende dûns- en muzykstilen: fan klassyk oant hjoeddeisk en fan rap oant sang. Under lieding fan dirigint Adam Hickox spilet it Rotterdamsk Philharmoanysk Orkest sawol eigen stikken as nije, ferrassende arranzjeminten mei de oare artysten. It konsert fertelt it ferhaal fan in libben en it libben yn Rotterdam. De presintaasje is yn hannen fan Loes Luca en Shariff Nasr. Under oaren wurkje Davina Michelle, rapper Winne en Broederliefde, Gerard Cox, Sabrina Starke, Lloyds Company en Imanuelle Grives deroan mei
Oer it Keningsdeikonsert
Yn 1985 namen Keninginne Beatrix en Prins Claus it inisjatyf foar it konsert, dat oant en mei 1013 op Paleis Noordeinde holden waard. Sûnt 2014 wurdt it konsert organisearre yn de gemeente dêr’t de keninklike famylje Keningsdei meifiert. It Keningsdeikonsert wurdt lykas wenst foarôfgeand oan Keningsdei organisearre foar elkenien dy’t oan de organisaasje fan Keningsdei bydroegen hat. Dit jier is der in spesjale edysje yn 010 fanwegen tsien jier keningskip en is it konsert ek fergees tagonklik foar publyk.
Utstjoering: tongersdei 27 april om 20.25 oere op NPO 2.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje