Jirpelpûden klapten as roeken

april 24, 2023 10:40

Skôging

troch Bouke Slofstra

Dit wykein brocht de post ús in moai behindich bondeltsje mei fersen fan Eeltsje Hettinga (Te pearde, útjouwerij De Ryp). Yn dat bondeltsje stiet – dat kin hast net oars – it ferneamde fers De opblaasde dei.

De lêzer sil it net fergetten wêze. Yn 2017 mochten Ljouwert en Valetta kulturele haadstêd fan Europa wêze. De Maltezer jirpel spile de rol fan ferbinende skeakel tusken beide plakken. Fryske, Maltezer en oare gedichten waarden op brune jirpelpûden ôfprinte, en fansels ek bondele yn in boekje mei de titel Poetic Potatoes. In alderaardichst idee dat alderaardichste fersen opsmiet. Ik bedoel dat net iroanysk.

En doe waard op 16 oktober fan dat jier de Maltezer sjoernaliste Daphne Caruana Galizia om hals brocht.

Fryslân en Malta binne leaflike stikjes fan de wrâld mei in leaflike skriuwerskultuer en in eigen lytse taal (Malteesk is in soarte fan Arabysk mei Italjaanske lienwurden). In blomlêzing fan Malteeske literatuer (This Fair Land) is yn deselde rige ferskynd as it bekende Swallows and Floating Horses fan André Looijenga, Alpita de Jong en Ernst Bruinsma, by útjouwerij Francis Boutle. Mar Malta is in steat en leit op in krúspunt tusken noard en súd. Dêr ha je de skriuwerij fan it doarp njonken it nijs fan de wrâld. En dat nijs kin faai wêze, sa’t Eeltsje Hettinga it seit.

De krêft fan Hettinga syn fers sit – wat my oanbelanget – yn it feit dat er hjir net sljochtweihinne ‘mei de taal boartet’, mar dat it boartsjen in doel tsjinnet. Wês wach, Watse! Dat heart aardich en fertroud. It komt fansels fan Jo Smit, en sa’n yntertekstueel grapke wurket ek alderaardichst foar de lêzer. Mar dan is ynienen it spul bedoarn, mei ien grutte klap. De dichterlike jirpelpûden binne teskuord en de Biltske setters fleane yn it rûn.

Wês wach is net oer te setten. Elske Schotanus besocht it mei Ai wees waakzaam Watse. It is har skuld net, mar dat betsjut niks. It is likemin har skuld dat ik net sa botte oer twatalige bondels mei. Ik begryp dat net elk Frysk lêze kin sa’t net elk Latynsk lêze kin. Mar by Latynske blomlêzingen is der in orizjineel en in oersetting. By ús ‘twatalige útjeften’ – in unikum yn ’e wrâld, it bestiet allinnich by ús – stiet it orizjineel op de rjochterside.

Der spilet in nuveraardige selsûntkenning yn de Fryske letteren. Hylke Speerstra komt twa kear mei in nij boek foar de nasjonale telefyzje en de sjogger mei blykber net witte dat al syn boeken yn it Frysk ferskynd binne. Dêr is miskien in reden foar te betinken, kommersjeel of oars, ik wol der net oer oardielje, mar it is wol sa. Fryske selsûntkenning is ek: De wrâld yn Bitterswiet (2001). Tachtich oersettingen fan it fers fan Tiny Mulder, in treflik idee op himsels, mar dat is it net. It binne oersettingen fan in rymjende Nederlânske oersetting fan Bitterswiet, net fan Bitterswiet sels. Fryske poëzij is it Japânske kalligrafyplaatsje dat sa moai bylket boppe de oersetting. Mar yn ús gefal is it plaatsje abstrakte keunst en de oersetting it orizjineel.

Is dat slim? No, slim is oars, mar ik fyn it wol spitich. De Times of Malta hie doedestiids in lyts berjochtsje oer in Eeltsje Hettinga, in dichter út Hollân. Syn Nederlânske fers ferskynde koart nei de oanslach, en it wie ek yn it Frysk en Ingelsk oerset. Ja, sa stie dat dêre: The poem, in English, Frisian and Dutch, was written in Dutch and translated into English by David Colmer. Dat is spitich en it is my hjir net iens om Fryske rom en eare te dwaan.

De Maltezer lêzer sil net rjocht begripe hoe’t hjir in bulte sein wurdt yn in pear wurden. Mei in pear ienfâldige keunstgrepen. Yn in oare skriuwtradysje dy’t hast like lyts as dy fan harren. En yn in alderaardichst fers fan it doarp, dat hannelt oer it faaie nijs fan de wrâld.

april 24, 2023 10:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Liuwe van der Meer april 27, 10:39

    Mar Bouke, hoe tinkst no oer de bondel, oer de gedichten yn dy bondel, oer de kwaliteit fan dy gedichten?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.