Jild foar rêdingsplan skries bliuwt op ’e planke, tal skriezen rint tebek

april 16, 2023 08:22

It Ryk en provinsjes wurde it al 2,5 jier net iens oer de finansiering fan in rêdingsplan foar de skries, skriuwt Trouw. Dêrtroch bliuwt 68 miljoen euro út in pot foar Europeesk lânboubelied net-brûkt op ’e planke lizzen. En ûnderwilens rint it tal skriezen noch hieltyd tebek.

Skries (foto: Wikipedia/Hans Hillewaert – CC BY-SA 4.0)

Sûnt de santiger jierren is it tal skriezen yn Nederlân slim ôfnommen. Yn 1970 wiene der noch 120.000 briedpearen, no binne dat der noch 25.000. Under oaren âld-minister Pieter Winsemius sette dêrom fjouwer jier lyn it ‘Oanfalsplan Skries’ op. Dêr kinne boeren in fergoeding mei krije foar it kompensearjen fan produksjeferlies troch swier agrarysk natuerbehear. Sa moatte boeren, om de greidefûgel te beskermjen, krûden tusken it gers op it lân siedzje, minder en oars jarre útride en meie se pas meane as de jonge fûgels útfleane kinne.

Mar in machtslykwicht tusken it Ryk en de provinsjes hâldt it rêdingsplan al 2,5 jier op, seit Winsemius yn ’e krante. Der kin neat mei it jild dien wurde, omdat it Ryk en de provinsjes it net iens binne oer wa’t de kosten op ’e lange doer betelje moat. “It is bespotlik. Wy hoopje no dat se it de kommende simmer einlings iens wurde”, seit Winsemius.

april 16, 2023 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.