Janna van der Meer: Foardielen fan wiete greiden
Resint ferskynd
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- ‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme 0
- FeRstival fiert jubileum: 80 jier foardrage yn it Frysk 0
Bloch
De Nije Mieden – buorkje yn it Fryske feangreidegebiet (2)

Foto © Janna van der Meer
“Wy hoege nea te bereinen.”
Yn petear mei Sjoerd Miedema (55), mei-eigener fan De Nije Mieden
Wêrom wolle de measte boeren it wetterpeil leaver net ferheegje?
Dat hat twa redenen. De earste is dat lânboumasines hjoed-de-dei tige swier binne en dus net geskikt foar sompige omstannichheden. De twadde, en wierskynlik foarnaamste reden, is dat wiete greiden minder gers produsearje. De produksje de hektare is leech en dat wol men as ûndernimmer net: de skoarstien moat rikje!
Hoe wie dat earder?
Yn it ferline waard yn leechfeangebieten ek al buorke. Mar gers wie it iennige gewaaks dat dêr goed groeie woe. It wie perfoarst gjin fetpot! Boeren weiden harren kij yn sompige greiden, dy’t as eilannen yn it wetter dreaune. Hast alle ferfier gie oer it wetter. Troch de djippe ôfwettering yn de tachtiger jierren feroare it lânskip yngripend.
Wat binne de gefolgen foar de natuer?
Drûge feangrûn oksidearret. Dêrtroch ‘sinkt’ de grûn en fljocht CO2 de loft yn. Dat is fansels net gaadlik yn in tiid dat we mei it broeikaseffekt wrakselje. Boppedat hat in leech wetterpeil ek gefolgen foar it ekosysteem: in protte fûgels en ynsekten kinne net mear genôch fretten fine.
Hoe geane jo mei dizze omstannichheden om?
By De Nije Mieden hawwe wy in heech wetterpeil. Dat wol sizze dat der wetter yn ’e greppels stiet. We brûke greppels dus net allinnich foar ôfwettering, mar ek foar it ynbringen fan wetter yn it lân. Dat hat ferskate foardielen. Wy genietsje bygelyks fan ’e greidefûgels dy’t nei ús wiete lân ta komme. De kij kinne maklik út de sleat drinke. It wetter is skjinner, trochdat de boaiem net mear lekt: men kin de fisken swimmen sjen! Wy hoege ek nea te bereinen. Dat skeelt wurk en disel. Sels de kij hawwe wy oan wiete omstannichheden oanpast: it binne gjin folbloed Holsteins. Se binne lyts en behindich en sakje net yn ’e drek wei.
Mar binne der gjin neidielen?
Yn it begjin wiene wy bang dat it fee âlderwetske sykten krije soe, lykas leverbot. Dy wurdt oerbrocht troch slakken, dy’t fan wiet hâlde. No docht bliken dat ús fee net besmet is. Dat komt nei alle gedachten troch de guozzen. Dy hiene wy altyd leaver net as wol, mar se frette net allinnich gers, docht bliken. Sy meie ek graach in slakje en dêr profitearje wy fan.
En de masines? Sakje dy net yn ’e modder wei?
Wy litte ús liede troch de natuer. As de grûn te wiet is, ride we der net mei swier ark oerhinne. Wy meane dochs al foaral yn de simmer, as de grûn relatyf drûch is. Itselde jildt foar dongjen. Wy dongje net om ús stront kwyt te reitsjen, mar om it libben yn de te fieden. Dat hat it measte sin as it frij waarm is.
De oare kear sille we it deroer hawwe hoe’t de ûndernimmer mei de legere produksje de hektare omgiet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje