Janna van der Meer: Wy moatte kieze tusken wearde- of boaiemdelgong
Resint ferskynd
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- ‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme 0
- FeRstival fiert jubileum: 80 jier foardrage yn it Frysk 0
- Temajûn ‘De grutte omslach’ mei Jan Rotmans yn Boalsert 0
Bloch
De Nije Mieden – buorkje yn it Fryske feangreidegebiet (1)
Alles draaide om in sa heech mooglike molkeproduksje. De greiden wiene himmel en droech. No groeit oeral ûnkrûd en boppe de sompe sjonge tal fan fûgels. Kij spylje in hieltyd lytsere rol…
Wat betsjut dat? Foar de natuer én foar de minsken? Dit bloch giet oer buorkerij De Nije Mieden en jout antwurden op aktuele fragen.

Sjoerd Miedema (55), mei-eigener fan De Nije Mieden, op syn lân. Foto © Janna van der Meer
Wêrom ferheegje jimme it wetterpeil?
In petear mei boer Sjoerd Miedema
Wêrom sette jo it wetterpeil sa heech?
“Oars sil it lân de loft yn fleane. Us greiden hawwe in trochsneed laach fan 150 sm fean. Dêr oksidearret ien sintimeter fan yn it jier. Sa kinne wy noch 150 jier troch gean, mar dat fielt net goed. Ik besykje sân generaasjes foarút en werom te tinken: hoe hawwe ús foarâlden de wrâld oan ús trochjûn? Wat foar potsje hawwe wy derfan makke? En, hoe kinne wy de wrâld better trochjaan?
Noch in punt: as wy hjir trochgeane mei ûntwetterjen, wurdt De Lege Midden, sa’t it hjir hjit, hieltiten leger. Undertusken nimt de druk fan it sâlte wetter ta, troch it omheech kommen fan de see. It gefolch is it fersâltsjen op de Waadkust. De regio mei de bêste boaiem fan Fryslân hat dêr no al lêst fan. Dat is ek ús skuld.”
Kinne jo net gewoan tinke: wa’t dan libbet, wa’t dan soarget?
“Nee, dat sil net wurkje. As ik reynkarnearje as in skries, moat ik ommers ek plak ha.” (Laket!)
Binne dy sompige greiden min foar de beurs?
“As we de molkeproduksje de ko as it wichtichste faktor foar ús ynkommen rekkenje, dan wol. Mar gelokkich krije wy kompensaasje. Dan kin it krekt, mar we fertsjinje der net oan.
Ik fyn it ek tige spannend: sil it lân yn de takomst noch as grûn foar buorkjen rekkene wurde? Of sille it ryk en de bank it as in moeras bestimpelje? Yn dat gefal sil it net te ferkeapjen wêze. Yn alle gefallen sil it flink yn wearde sakje…
Mar wy moatte kieze tusken wearde- of boaiemdelgong. En ik hoopje dat de oerheid yn de takomst goed betelje sil foar wiet lân. Miskien giet de wearde dan wer omheech!
No wurdt besjoen oft it doel hat om gewaaksen groeie te litten dy’t it goed dogge op wiete grûn, lykas tuorrebouten, feanmoas en cranberry’s. Wy begjinne mei tuorrebouten. Ek wol bollepysten neamd.”
Hoe binne jo op dit spoar set?
“Dat barde al yn de tachtiger jierren. Ik buorke doe noch mei myn âlden op it feangebiet by Idzegea, yn de Súdwesthoeke. Dêr wie djippe ôfwettering en binnen in jier seach ik de boaiem sakjen. Ik wit noch hoe ferrast oft ús bistedokter wie: “Hoe kinne se har lân gewoan ferdwine litte?” frege er him lûdop ôf. Us heit tocht lykwols dat wy mei de tiid meigean moasten.”
En doe’t jo nei Haskerdiken ferhuzen?
“Doe’t ik hjir kaam, hie der al djippe ôfwettering west. Ik liet it sa en gie foar hege produksje. Mar de problemen om feangebieten hinne wurde dreger. De lêste jierren hawwe wy dêrom it wetterpeil hieltyd mear omheech brocht.
Boppedat bin ik ûnder de yndruk fan wat ús soan Douwe sei: dat wy yn feangebieten mear CO2 bine kinne as yn bosken. (Alteast, as it slagget om de goede kombinaasje fan baktearjes en skimmels yn ‘e grûn te krijen.) Troch wiete greiden dogge wy echt wat oan it broeikaseffekt. Dat betsjut dat men as boer bydrage kin oan it oplossen fan it klimaatprobleem. Dan binne wy net it probleem, mar de oplossing.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje