It plak fan it Frysk yn tsjerke
Resint ferskynd
Op de Krúspuntdei dy’t op 22 april 2023 yn Akkrum holden waard, hold dr. Liuwe H. Westra ûndersteande ynlieding.
De Fryske Beweging hat altyd as doel hân, dat it Frysk trochbestean koe as libbene taal yn in libbene mienskip. Dêrfoar waard stribbe nei taalmateriaal (wurdboek, grammatika) en de mooglikheid foar minsken om de taal ek te brûken (kursussen, ûnderwiis). De ynstek wie lykwols de hiele 19de iuw troch yndividueel.
De alderearste groep dy’t mei easken kaam dat it Frysk ek funksjonearje moast as taal yn in mienskiplik barren, wie de feriening Natio Frisica, oprjochte yn 1898 troch ûnder oaren Sipke Huismans. De leden fan dy groep sprieken út, dat it mooglik en winsklik wie, om it Frysk ek te brûken yn godstsjinstige gearkomsten. De earste died dy’t se stelden, wie it opstellen en fêststellen fan in formuliergebed.
Fan de Natio yn 1898 en Sipke Huismans rint der in streekrjocht lyntsje nei Geart Wumkes; dy beiden wiene rillegau nei de oprjochting de foaroanmannen fan it Kristlik Frysk Selskip (1908) en Wumkes is bekend wurden fan de coup fan Tsjom yn 1915.
Yn 1915 liet ek Douwe Kalma fan him hearre, dy’t as earste de eask formulearre dat it hiele iepenbiere libben yn Fryslân yn it Frysk plakfine moast: net allinnich tsjerke, mar ek media, bestjoer, rjochtspraak en ûnderwiis. Foar guon wie dat doe likefolle as in soarte fan ûnôfhinklikheidsferklearring, en de measte Fryske selskippen giene sa fier net. Der wie ien útsûndering: it Kristlik Frysk Selskip, dat yn 1924 ûnder lieding fan Fedde Schurer en Eeltsje Boates Folkertsma de doelen fan in algemiene ferfrysking fan it iepenbiere libben yn Fryslân yn it karbrief opnaam. Dat waard belibbe as in revolúsje, en it slagge noch de Jongfryske Mienskip fan Kalma, noch it KFS fan Schurer en Folkertsma, om ta útwurking en realisearjen fan dy doelen te kommen.
Lykwols, de idealen wiene formulearre en hieltyd mear fermiddens namen dy oer. Nei de oarloch is der, foar in part troch ynsidinten as Kneppelfreed en aksjes as fan ’e FOKA, struktureel begjin makke mei it ferfryskjen fan it iepenbiere libben yn Fryslân. Dat betsjut, dat der regels en belied kommen binne foar it brûken fan it Frysk en it Nederlânsk yn praktysk alle domeinen fan ’e mienskip. Yn it iepenbier bestjoer hat elk it rjocht om Frysk, Hollânsk of in streektaal te brûken. Foar it rjocht hat elk yn prinsipe it rjocht om it Frysk te brûken. Elk hat de mooglikheid om nei Frysktalige radio en telefyzje te sjen of te harkjen. Alle skoallen binne ferplichte om yn prinsipe de bern likefolle Frysk (of in Fryske streektaal) as Nederlânsk by te bringen.
Jimme hearre, der binne noch gâns slaggen om ’e earm. Mar yn fjouwer fan ’e fiif grutte domeinen binne regels en belied ôfpraat. It aparte is dat it fiifde domein, dêr’t alles mei begûn is, soks noch net bestiet. Fansels is der yn ’e Fryske tsjerken gâns romte om it Frysk te brûken, op it iene plak mear, op it oare minder. Mar dat stiet nearne. Der is gjin belied, der binne hast gjin regels, en alles liket noch ôf te hingjen fan tafallige bestjoerders en tafallige foargongers.
Dêrmei wurdt in paradoks begryplik: hast alle oare Fryske bewegingsselskippen binne yn it neigean of sels opholden te bestean. De Kristlik Fryske Beweging is noch altiten organisearre, hâldt gearkomsten, der geane inisjativen fan út. Yn it ljocht fan dit hiele ferhaal, is dat logysk: op alle oare mêden binne doelen berikt, al kinne wy deroer diskusjearje yn hoefier oft wy dêr tefreden mei wêze moatte. Mar op it mêd fan ûnderwiis, media, rjocht en bestjoer is der taalbelied en besteane der regels. Op it mêd fan ’e tsjerke is der noch sa goed as neat.
Wat ik nea tocht hie, ik moat Durk van der Schaaf neisizze: Wy binne noch net klear.
As bestjoer fan ’e Stifting Krúspunt stelle wy dêrom út om te besykjen de wichtichste tsjerklike mienskippen yn Fryslân safier te krijen, dat dy ta it fêststellen fan in eigentiidsk en lykweardich taalbelied komme.
Neiskrift
Yn it neipetear waard ik derop wiisd, dat de Ried fan de Fryske Beweging en de Jongfryske Mienskip fan ’e ‘âlde’ bewegingsorganisaasjes ek noch altyd aktyf binne. Dy nuânse heart der yndied wol by.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje