‘In bûtenwenstich persoan’ hjit yn it Portugeesk no in Pelé
Resint ferskynd

Pelé (foto: Wikipedia/El Gráfico #2624 – publyk domein)
‘Pelé’ is as wurd taheakke yn it Portugeesk wurdboek. It wurd betsjut ‘in bûtenwenstich persoan’ en stiet no yn it wurdboek fan útjouwer Michaelis.
De wrâldferneamde fuotballer ferstoar yn desimber ferline jier. Nei syn dea waard in petysje opset om syn namme yn it wurdboek te krijen. Nei it ynsammeljen fan mear as hûnderttûzen hantekeningen is dat no slagge. Neffens de inisjatyfnimmers is Pelé de grutste fuotballer fan alle tiden, dat syn namme wurdt no brûkt om grutheden oan te tsjutten. Te tinken falt oan ‘de Pelé fan it tennis’, ‘de Pelé ûnder de sjirurgen’ of ‘de Pelé ûnder de filmmakkers’.
De famylje fan Pelé krige in plakette mei dêrop de tekst dy’t yn it wurdboek fermeld stiet. De útjouwer Michaelis hat ‘Pelé’ al yn de digitale edysje opnommen. De definysje sil ek yn de neikommende printe ferzje fan it wurdboek opnommen wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje