Hoe’t de horrorfilm hieltyd djipsinniger wurdt mar nea syn komôf ferjit

april 24, 2023 07:00

Skôging

troch Gabrielle Terpstra

Eartiids, yn 1970, waard mei de komst fan The Exorcist in nij tiidrek yn horror ynlaat. Nei in hiele rige meunsterfilms yn de fyftiger en sechstiger jierren kaam der doe wat nijs. Alderhande boppenatuerlike horrorfilms – mei skrikeffekten, saneamde jumpscares – waarden by it grutte publyk populêr. 

Wy kenne it allegearre wol, it iensume hutsje yn ’e bosk, it ferlitten hûs dêr’t it spûket of dêr’t in bern fan demoanen beset wurdt. Jierren lang, oant no, litte we ús foar ús plezier troch dy dingen bang meitsje. Der floeit bloed en der geane hiele groepen minsken dea, sa ek yn de film The Evil Dead (Raimi, 1981).
Dy film folget fiif freonen dy’t in wykein yn in hutte – dy’t ôfhandich yn de bosk leit – trochbringe. Yn de kelder fine se ‘it boek fan de deaden’ mei in bânrecorder. As se de bannen ôfspylje, roppe se by ûngelok demoanen op dy’t de freonen oernimme wolle. De film waard enoarm populêr en krige in stikmannich ferfolgen. It fjirde diel dêrfan kaam ôfrûne tongersdei yn de bioskoop út.

Horror hat altyd in populêr sjenre west, it bêst ferkeapjende sels. It giet oer in driging, eangst foar sykten, te folle konsumearje, it ûnbekende of de sekularisaasje fan de mienskip. Driging stiet altyd foarop. De lêste jierren is te sjen dat minsken banger binne foar de driging fan binnen út.

Foto: Wikipedia – Graham Humphreys CC BY-SA 4.0

Om 2000 hinne wie it horrorsjenre ynsakke. De ynspiraasje like op te wêzen nei de safolste film oer geasten, mar yn 2010 mei de komst fan studio’s as Blumhouse en produksjehûs A24 waard in nije weach populêre horror berne, it saneamde Elevated horror. Grizelfilms waarden wer enoarm populêr, mei sels Oscarnominaasjes foar The Shape of Water (Del Torro, 2017), Get out (Peele, 2017) en The Black Swan (2010). Dy hiene wat dat mear minsken oan like te sprekken. Der kaam djipte en drama yn en it bloed en it skrikeffekt stie net mear sa op ’e foargrûn. Dy films fan tusken 2010 en no litte sjen dat der in oar soarte fan problematyk yn de mienskip is, lykas rasisme en psychyske swierrichheden. Sokke ûnderwerpen sniene se oan mei in skerpe, keunstsinnige blik.

Dat sjenre waard dus populêrder. Films mei in sosjaal boadskip lykje belangryk te wêzen, al draait de âlderwetske skokhorror ek noch hieltyd yn de bioskoop, lykas de safolste Screamfilm of in nije film oer duvelútdriuwing. De nije Evil Dead film, Evil Dead Rise, liket dêr wol tûk op yn te spyljen. De film bliuwt wol by syn orizjinele konsept fan in Slasher, mei in protte bloed, dêr’t de personaazjes hast yn fersûpe, mar hy pakt der ek sosjale problematyk by.

De film spilet, oars as syn foargongers, net yn in bosk mar yn in flat ôf. Hy giet oer Beth, dy’t de húshâlding fan har suster Ellie yn har appartemint yn LA opsiket. As in ierdbeving in skuor feroarsaket, fynt Ellie har soan in boek dêr’t demoanen mei oproppen wurde kinne. Al gau giet it hielendal nei de bliksem en wurdt Ellie troch demoanen oernommen.
De film liket mear lagen te hawwen en eleminten te befetsjen fan feminisme, susterskip, it mem wêzen en wenningneed. Moderne ûnderwerpen en problemen op ’e eftergrûn dus. Dy wurde lykwols gau loslitten en dan giet it wer op in bloedferjitten, dêr’t we yn de tachtiger jierren al sa sljocht op wiene.
It grizelsjenre bloeit en der is romte foar djipgong, mar it ferjit nea wêr’t it weikomt.

april 24, 2023 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.