‘Heit&mem’ siket foto’s fan bern op harren smûke plakje

april 9, 2023 08:23

Heit&mem is in tydskrift foar alle heiten en memmen en papa’s en mama’s mei bern fan 0-12 jier. It tydskrift ferskynt twa kear jiers as papieren magazine en hat ferskate digitale tema-edysjes. It kommunisearret yn it Frysk en it Nederlânsk en is altyd fergees. Foar de nijste edysjes is de redaksje op ’e siik nei foto’s fan bern yn harren hutte, (smûke) foarlêsplakje en/of mei harren favorite boek.

Foto: argyf heit&mem

Hutten
Yn de simmer ferskynt der wer in moai nij simmernûmer fan it tydskrift. Dêr wol de redaksje graach moaie foto’s fan de hutten fan bern yn hawwe! Dit kin om in beamhutte gean, in hutte efter yn de tún of miskien yn de bosk? Mar ek hutten gewoan lekker thús ûnder de keukenstafel binne fan herten wolkom. Sjoch foar mear ynformaasje en it opladen fan foto’s hjir.

Foarlêsplakje
Foar de ‘Lês-mar-foar’-edysje fan Heit&mem dy’t yn augustus ferskynt, siket de redaksje moaie foarlêsfoto’s. Sjoch hjir foar mear ynformaasje en it opladen fan foto’s.

Favoryt berneboek
Foar dyselde foarlêsedysje siket de redaksje ek foto’s fan bern mei harren favorite berneboek. It is moai as der in ferhaal by komt fan wêrom as krekt dat boek sa moai is. Foto’s binne hjir op te laden.

Sjoch ek op www.heitenmem.nl foar alderhande oare ynfo en/of folgje heit&mem op sosjale media.

april 9, 2023 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.