Grien ljocht foar proefflecht mei 120 meter hege SpaceX-raket

april 15, 2023 08:49

SpaceX, it bedriuw fan Elon Musk, hat tastimming krige om no moandei syn nije 120 meter hege Starship-raket te lansearjen. Mei dy grutte raket wol SpaceX skielk minsken nei de Moanne en nei Mars stjoere.

Foto: Wikipedia/SpaceX – publyk domein

By de lansearring takom wike sille lykwols gjin minsken oan board wêze. It giet om in testflecht dêr’t it romtereau op in draachraket mei 33 motoaren, de Super Heavy, pleatst wurdt en in flecht fan Teksas nei Hawaï makket.

Starship is in folslein wer te brûken transportsysteem, dat nei in romtereis nei de basis weromfleane kin. Mar dat sil by de testflecht fan moandei noch net it gefal wêze. Oan ’e ein fan de flecht sil de raket yn de Atlantyske Oseaan delkomme.

april 15, 2023 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.