Goede belangstelling foar boargemasterspost It Hearrenfean

april 27, 2023 15:13

Crackstate, ûnderdiel fan it gemeentehûs It Hearrenfean.
Foto Udo Ockema. Boarne Wikepedy CC BY 3.0

Nei de funksje fan boargemaster yn de gemeente It Hearrenfean meitsje fiif froulju en seis manlju gading. Twa fan harren binne jonger as fjirtich jier, fjouwer sitte tusken de fjirtich en de fyftich en fiif tusken de fyftich de sechstich. Trije binne lid fan de VVD, trije fan D66, ien fan de PvdA en ien fan in lokale partij. Trije binne net lid fan in politike partij.

Ferwachte wurdt dat as Tjeerd van der Zwaan – dy’t tolve jier boargemaster fan It Hearrenfean west hat – yn oktober ôfskied nommen hat, de nije boargemaster al frij gau ynstallearre wurde kin.

De proseduere om in nije boargemaster te kiezen foarsjocht yn in petear fan de kommissaris fan de Kening mei de sollisitanten en mei de fertrouwenskommisje, dy’t alle brieven ek lêst. Mienskiplik wurdt in seleksje makke, de fertrouwenskommisje praat mei de selektearre kandidaten en bringt dêr oan de gemeenteried ferslach, mei in konsept oanbefelling, fan út. De ried makket út hokker beide kandidaten op de definitive oanbefelling komme en yn hokker folchoarder.

Yn prinsipe draacht de minister fan Ynlânske Saken dy oanbefelling oan de Kroan foar. De Kroan beneamt dêrnei de nije boargemaster by Keninklik Beslút.

 

april 27, 2023 15:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.