FUMO konstatearret fernieling nêsten greidefûgels

april 28, 2023 08:26

De FUMO sil mear tafersjoch op de soarchplicht foar greidefûgels hâlde. Tafersjochhâlders fan de Omjouwingstsjinst fan Fryslân kontrolearje yn de hiele provinsje oft de soarchplicht neilibbe wurdt. Dat dogge se net allinnich oerdeis, mar ek jûns en yn ’e wykeinen.

Foto: Wikipedia/Jan Lapère – CC BY-SA 3.0

De FUMO treedt op tsjin it moedwillich net neilibjen fan de soarchplicht. Sa konstatearren tafersjochhâlders koartlyn dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân by it útriden fan dong in nêst mei aaien fernield is, wylst it mei stokken markearre wie. De FUMO docht fierder ûndersyk. Dat kin ta strafrjochtlike ferfolging liede.

Boeren hawwe in soarchplicht foar greidefûgels. De FUMO hâldt kontrôle op it neilibjen fan de soarchplicht en ynvestearret dêrby in protte tiid yn previnsje en foarljochting. Tafersjochhâlders ynformearje boeren en leanbedriuwen oer de soarchplicht, lykas troch de Wet natuerbeskerming foarskreaun is. Dêryn stiet dat boeren yn it briedseizoen rekken hâlde moatte mei nêsten, aaien en jongen fan fûgels. Bygelyks troch neisoargers op it lân ta te litten, dy’t de nêsten markearje kinne. De boer kin dan by it dongriden of meanen rekken mei de briedende fûgels hâlde. De tafersjochhâlders bringe as dat nedich is boeren en fûgelwachters fan de pleatslike fûgelwacht mei-inoar yn kontakt om neisoarch te regelen.

De measte boeren en leanbedriuwen foldogge oan de soarchplicht, konstatearret de FUMO. Hja dogge har uterste bêst om fûgels, de nêsten en de jongen te beskermjen.

april 28, 2023 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.