Fryslân kiest foar kwaliteit boppe faasje by natuerdoelanalyzen

april 7, 2023 08:13

De provinsje Fryslân nimt oant 1 july de tiid om de tsien natuerdoelanalyzen foar de stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten by de Ekologyske Autoriteit (EA) oan te leverjen. Op itselde stuit leveret de provinsje it ûntwerpgebieteprogramma foar it Frysk Programma Lanlik Gebiet (FPLG) by it Ryk yn en kiest dêrmei foar soarchfâldichheid boppe faasje.

Natura 2000-gebiet op Flylân (foto: Provinsje Fryslân)

“Mei de kwaliteit fan de natuerdoelanalyzen as haadprioriteit hawwe wy dy tiid foar it meitsjen fan de analyzen nedich”, seit deputearre Douwe Hoogland. “Boppedat fine wy it wichtich om de analyzen yn gearhing mei it ûntwerp FPLG-gebietsprogramma by it Ryk oan te leverjen. Wy hawwe de tiid ek nedich foar it mei Provinsjale Steaten en ek mei oare provinsjes ôf te stimmen, want natuergebieten hâlde har net oan provinsjegrinzen.”

De stân fan de natuer
De natuerdoelanalyzen beskriuwe hoe’t it giet mei de natuer yn stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten. Watfoar swierrichheden oft der eventueel binne en yn watfoar rjochting maatregels nedich binne om de natuer wer te ferbetterjen. Se binne basearre op besteande (monitoarings)gegevens fan provinsje, ûndersykburo’s en bygelyks terreinbehearders. Om straks yn de lokale gebietsprosessen mei goede maatregels te kommen en passende plannen te meitsjen, is in aktueel byld fan de Natura 2000-gebieten nedich. Yn de natuerdoelanalyzen steane allinne op haadlinen suggestjes foar maatregels foar it oplossen fan eventuele knyppunten lykas ferdrûgjen of fersuorjen. Yn de op de gebieten rjochte oanpak fan it FPLG wurdt fan 2024 ôf yn oerlis mei de regio pas foar maatregels keazen.

Fergunningferliening
Troch de tiid hinne binne de easken oan de NDA’s feroare en útwreide. Dêr is ek it belang fan de natuerdoelanalyzen grutter mei wurden. Dy hawwe gjin juridyske status, mar der stiet wol de aktueelste wittenskiplike ynformaasje yn oer hoe’t it mei de natuer giet. Foar fergunningferliening is it wetlik ferplichte om dy ynformaasje te brûken. De kommende tiid ûndersiket de provinsje wat de konsekwinsjes foar bygelyks fergunningferliening en hanthaveningsfersiken binne.

Proses
Op syn letst 1 july leveret de provinsje syn natuerdoelanalyzen oan by de Ekologyske Autoriteit (EA) en publisearret se op www.fryslan.frl. Dêrnei hifket de EA de kwaliteit dêrfan.

april 7, 2023 08:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.