Fryske natuer- en miljeu-organisaasjes: aksje nedich om Fryslân klimaatbestindich te meitsjen

april 27, 2023 09:12

In grut tal Fryske natuer- en miljeu-organisaasjes roppe de provinsje en it Wetterskip op om faasje te meitsjen mei it útfieren fan maatregels om Fryslân op de effekten fan klimaatferoaring ta te rieden. Ut de fyzje ‘Fryslân klimaatbestindich 2050+’ fan beide oerheden, dy’t op it stuit op besjen leit, docht bliken dat der grutte útdagingen op Fryslân ôfkomme: de provinsje wurdt skielk hieltyd drûger en hat mei slimme stjalprein te krijen.

Foto: ©Provinsje Fryslân

It hjoeddeistige systeem fan ôfwetterjen kin dat reinwetter net oan. Dêrtroch ûntstiet skea foar natuer en lânbou en stiet de feiligens ûnder druk. By de út te fieren maatregels pleitsje de organisaasjes derfoar om maatregels te treffen dy’t by in natuerliker (wetter)systeem passe, lykas hegere en fleksibelere (grûnwetter)peilen en it fêsthâlden fan mear wetter.

Blauwe omjouwingsfyzje
Op it stuit leit de blauwe omjouwingsfyzje ‘Fryslân klimaatbestindich 2050+’ fan it Wetterskip Fryslân en de provinsje Fryslân op besjen. Dêr wurdt yn foarsteld om wetter en boaiem stjoerend te meitsjen yn de romtlike ynrjochting fan Fryslân. Dat útgongspunt stypje de Fryske Miljeufederaasje (FMF), It Fryske Gea (IFG) en Natuermonuminten. Hans van der Werf, direkteur FMF: “Net alles kin mear op alle plakken. Wy moatte echt leare om mei wetter te libjen. Romtlike yngrepen lykas wentebou, it winnen fan enerzjy en de lânbou moatte mear op it wettersysteem ôfstimd wurde. Dêrfoar is it wichtich om no te kiezen.” De foarstellen dêr’t yn de Blauwe Omjouwingsfyzje foar keazen is moatte lânje yn de plannen fan gemeenten, mar ek yn it nije provinsjaal programma foar it lanlik gebiet en de takomstige gebietsprosessen.

Natuerlike prinsipes liedend by it kiezen
De Fryske natuer- en miljeu-organisaasjes binne fan miening dat de natuer as klimaatadaptive en takomstfêste oplossing sjoen wurde kin. Henk de Vries, direkteur fan IFG: “Ynvestearje net yn technyske oplossingen lykas diken, keardammen en gemalen, mar gean út fan natuerlike prinsipes dy’t ferskate doelen tsjinje. Fansels yn it ramt fan de winske feilichheid. Tink dêrby oan it ynfangen fan slib om de Waadkust fan Fryslân mei de seespegel meistige te litten en oan de regulearjende funksje fan natuer by it opfangen fan wettertekoarten en -oerskotten.”

No al oan ’e slach
Yn de Blauwe Omjouwingsfyzje leit de fokus op 2050, mar dat betsjut no al begjinne mei it treffen fan maatregels, sizze de natuer- en miljeu-organisaasjes. Dat jout net allinnich dúdlikheid oan eigners en grûnbrûkers, mar hat ek fuortdaliks in klimaatadaptyf effekt. In foarbyld dêrfan it it ferheegjen fan it grûnwetterpeil yn it feangreidegebiet op plakken dêr’t it kin en dêr’t grûneigners meiwurkje wolle. Fansels mei ôfdwaande kompensaasjemaatregels en in goed wurkjend grûnynstrumintarium. Der moat ek ynset wurde op it fêsthâlden fan wetter op mear plakken, lykas yn de beekdellingen, sadat drûchte yn ’e simmer minder oerlêst jout. En elkenien moat wat hjoeddeiske en foarnommen plannen foar wenningbou oangiet kritysk wêze oft dy op beskate lokaasjes wol winsklik binne en oft dy plannen net oanpast wurde moatte.

april 27, 2023 09:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.