Filmhûs Slieker fertoant snein 30 april dokumintêre oer Willy DeVille

april 24, 2023 08:29

Filmhûs Slieker fertoant snein 30 april de dokumintêre Heaven Stood Still, oer de Amerikaanske sjonger en lietsjeskriuwer Willy DeVille.

Willy DeVille op it poadium yn de santiger jierren (boarne: Slieker Film)

Heaven Stood Still fertelt it ferhaal fan de Amerikaanske romantikus Willy DeVille. Fan CBGB’s-punker oant New Orleans-soulman oant de stim fan Amerikaanske rootmuzyk yn Europa, wie er ien fan de meast unike artysten fan syn tiid. Net ien naam safolle ferskillende stilen en personaazjes oan as hy en alles oan him wie keunst. Hy ferkocht mear as in miljoen albums mei hits as ‘Spanish Stroll’ en ‘Each Word’s a Beat of my Heart’, en wie tige respektearre troch kollegamuzikanten, fan Ben E. King oant Bob Dylan.

Filmmakker Larry Locke besocht ûnder mear te ferklearjen wêrom’t DeVille (1950-2009) sawol by libben as postúm ‘fierste min erkenning krige hat foar syn unike posysje yn de tradisjonele Amerikaanske muzyk fan de santiger, tachtiger en njoggentiger jierren’.

“It foel Larry op dat in protte grutheden út de muzykwrâld, lykas Bob Dylan, Bruce Springsteen, Peter Wolf, Ben E. King en Herman Brood, Willy DeVille bewûnderen, mar dêr net rjocht foar útkamen. Fierder yntrigearre it him dat DeVille wol erkenning krige yn Europa, en benammen ek yn Nederlân, mar yn Amearika amper bekendheid hie”, ljochtet Sliekerprogrammeur Harmen Huizenga ta. Yn 2005 song DeVille noch yn De Harmonie yn Ljouwert.

Snein 30 april, oanfang 20.00 oere;
Spyllingte: 84 minuten;
Ingels sprutsen, Nederlânsk ûndertitele.

Kaarten binne te besetten fia de webside fan Slieker: sliekerfilm.nl. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer de film.

april 24, 2023 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.