Fideoskiljen útkomst foar iensume pappegaaien
Resint ferskynd
Fideoskiljen kin in manier wêze om pappegaaien mear sosjale ynteraksje mei soartgenoaten te jaan. Ut in Britsk-Amerikaansk ûndersyk mei achttjin fûgels docht bliken dat de dielnimmers der fleuriger fan waarden en sels nij hâlden en dragen oanlearden. It wie neffens de wittenskippers de earste kear dat dieren inoar sels berikke koene wannear’t se woene.

Foto: pixabay.com
“Fideoskiljen hat minsken tige holpen yn de koroanarite. Wy woene ûntdekke oft fûgels der ek profyt fan ha koene”, leit ûndersiker Ilyena Hirskyj-Douglas fan de Universiteit fan Glasgow út. “It diereynternet bestiet al: der binne hûnderten produkten dêr’t baaskes kontakt troch meitsje kinne mei harren húsdier, mar dat draait foaral om wat minsken wolle, net om wat de bisten nedich hawwe.”
Yn dit ûndersyk waard de fûgels leard om in beltsje te lieden as se in fideopetear starte woene. Se koene op in byldskerm dan in kar meitsje út de ferskate petearpartners troch in foto oan te wizen. Ynearsten moasten de eigners dêr noch by assistearje, mar úteinlik koene de dieren sels it inisjatyf nimme.
“De pappegaaien lieken yn ’e gaten te hawwen dat se mei echte soartgenoaten te krijen hiene en harren hâlden en dragen wie te ferlykjen mei ynteraksjes yn it echte libben”, seit Jennifer Cunha, in oare ûndersiker. Yn trije moanne tiid waard 359 kear tusken de dieren skille. Cunha neamt dat kontakt wichtich omdat pappegaaien sosjaal binne en yn it wyld faak yn grutte groepen libje. Sosjale isolaasje kin liede ta psychyske klachten, dy’t har bygelyks uterje yn ûnrêstich hâlden en dragen of it útlûken fan fearen. De fûgels dy’t folge waarden, libben just op troch de fideopetearen en strutsen de fearren glêd, songen en boarten. Cunha: “Wy seagen sels fûgels dy’t learden te foerazjearjen en in eigner fertelde dat in pappegaai nei in fideopetear foar it earst fleach.”
As fierder bewiis dat de technology de dieren sosjaler makket, berjochtsje de ûndersikers dat de fûgels dy’t it faakst skillen, ek it faakst weromskille waarden.
Besjoch in filmke fan de fideobeljende pappegaaien: www.youtube.com/watch?v=We5M2hoaChY.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje