Feit en fiksje, hjoed en ferline komme byinoar yn ‘Seeds of Memory’

april 3, 2023 08:32

Fan 15 april 2023 oant en mei 24 maart 2024 yn it Frysk Museum te Ljouwert

Op sneon 15 april 2023 iepenet yn it Frysk Museum de nije eigentiidske keunstútstalling Seeds of Memory. Yn dy grutte groepsútstalling brûke keunstners spoaren fan it ferline om ferhalen te fertellen. Hja ferbyldzje oantinkens en skiednissen dy’t mooglik bard binne of optocht binne, en werstrukturearje feiten ta in nij ferhaal.

Maarten Vanden Eynde, ‘Fungurume’ (foto: Philippe De Gobert)

Dy ferhalen krije foarm yn ta de ferbylding sprekkend wurk dêr’t ferskillende lânskippen, bisten, materialen en objekten útgongspunt yn binne. Fan de keunstmjittige yndieling fan it diereryk oant in optochte stêd, en fan de lange skiednis fan in aadlik Frysk bûten oant iuwenâlde spoaren yn it lânskip. Mei wurk fan Noor Abuarafeh (Palestina, 1986), Mercedes Azpilicueta (Argentinië, 1981), Maarten Vanden Eynde (België, 1977), Saskia Noor van Imhoff (Kanada/Nederlân, 1982), Bert Scholten (Nederlân, 1988) en Rinus Van de Velde (België, 1983).

Noor Abuarafeh, ‘Am I the Ageless Object at the Museum?’, 2018, fideoynstallaasje, 14:59 min.)

Katja Novitskova
Op sneon 15 april wurdt de útstalling tagelyk mei de earste museale soloútstalling fan Katja Novitskova (Estlân, 1984) feestlik iepene mei in wiidweidich programma. Publyk is wolkom en de yntree is dy deis fergees. Oanmelde kin fia de webside fan it museum. It wurk fan frou Novitskova draait om de relaasje tusken ekology en technology, tusken de natuerlike wrâld en de digitale wrâld. Yn it bysûnder is Novitskova fassinearre troch it ta-eigenjen en yn byld bringen fan it lânskip en de organismen dy’t dêr diel fan útmeitsje. Hja socht de minsklike hing nei (it meitsjen fan) byld as uteringsfoarm fan de ûnmeilydsume ekspânsjedrift fan de minsklike soart. Katja Novitskova: Model Earth stiet fan 11 maart o/m 3 septimber.

Katja Novitskova, ‘Earthware 2022’ (foto: def image/Kraupa-Tuskany Zeidler)

april 3, 2023 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.