Feiliger fytse mei in helm op

april 20, 2023 13:06

Twahûndertfyftich bern yn Fryslân krije in fytshelm. Deputearre Avine Fokkens-Kelder oerlange se woansdei oan fertsjintwurdigers fan trije fytsmakkerijen. Frou Fokkens sei dat fytsers mei in helm op by in ûngelok 36 persint minder risiko op skea oan de harsens opdogge en dat de provinsje dêrom it bernefytseplan fan de ANWB stipet.

F.l.n.r.: Marijn Louwrink (wurkpleats WerkPro, Ljouwert), Avine Fokkens-Kelder (deputearre ferkearsfeilichheid), Rienk van Veenendaal (w.pl. Ald-East, Ljouwert), Anja Bouma (w.pl. Kringloop, Grou) en Dennis Roskam (regiomanager ANWB). Foto: Provinsje Fryslân

Fryslân set ’m op
Mei de kampanje Fryslân Set ‘m Op en in koartingsaksje moatte oare Friezen ek oantrune wurde om in fytshelm op te dwaan. Fan 12 maaie ôf krije Friezen fan 55 jier en âlder 25 euro koarting op de oankeap fan in helm, mar op = op.

Bernefytseplan
It bernefytseplan bestiet sûnt 2015. Troch it hiele lân wurde yn sechstich wurkpleatsen brûkte fytsen troch frijwilligers opknapt. Troch gear te wurkjen mei maatskiplike organisaasjes lykas Stichting Leergeld, Kringloop Nederland en Kindpakket soarget de ANWB derfoar dat de fytsen úteinlik terjochte komme by bern dy’t se it hurdst nedich hawwe en foar wa’t it net mooglik is om sels in fyts oan te skaffen. Sûnt de start binne 50.000 fytsen ynsammele. Der binne sechstich wurkpleatsen dêr’t de fytsen opknapt wurde. Mear as 200 frijwilligers sette har yn om fytsen yn te sammelen, op te heljen en op te knappen.

Dei fan de fytshelm
Woansdei 19 april 2023 wie de twadde lanlike dei fan de fytshelm. Sokke dagen moatte by jong en âld it belang fan de fytshelm ûnder de oandacht bringe. Yn opdracht fan it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat makke de Stichting Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid (SWOV) prognoazen fan it tal minsken dat yn it ferkear omkomt of ferwûne rekket. De ferwachting is dat oer de perioade 2018-2040 wol tachtich persint mear fytsers slachtoffer fan ûngelokken wurdt. Dat sil benammen de hieltyd grutter wurdende groep 65-plussers treffe. Dy groep fytst folle langer troch as wol west hat.

april 20, 2023 13:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.