Feie Fonyk: Keningsdei

april 27, 2023 15:50

Kollum

Ik slagge yn septimber 1965 oan de kristlike Juliana Kweekschool yn Drachten foar myn diploma as ûnderwizer. Op woansdei 26 april 1967 reizge ik fan Nunspeet nei Schiedam om by in muoike en omke te oernachtsjen. Ik siet yn militêre tsjinst en ik soe op tongersdei 27 april yn Rotterdam in proefles jaan op in skoalle foar spesjaal ûnderwiis. Dy proefles gie fanwegen de berte fan Willem-Alexander net troch. Ik bin op dy dei wol nei dy skoalle ta fytst, in âld gebou yn wat wy no in ‘efterstânsbuert’ neame soene. De proefles is net ferset, mar ik haw him ôfsein. Der wiene yn dy tiid oeral wol banen te krijen.

Yn de simmer fan datselde jier krige ik in beneaming oan de Oppedijkschool yn Hurdegaryp, dat doe noch Hardegarijp hjitte. Dêr bin ik troch tafallige omstannichheden in part fan myn wurksume libben hingjen bleaun. Nea spyt fan hân. Wy wenje der noch.

Guon soene sizze “It hat sa wêze moatten.” Yn it Frysk Hânwurdboek fan 2008 wurde by it lemma wêze behalven de betsjuttingen in protte foarbylden jûn. Ien fan de foarbylden is: “It hat sa wêze moaten” dat is ‘it wie sa bestjoerd, foarbeskikt’. No leau ik as ateïst al jierren net mear yn dat soarte fan ferklearringen. It libben hinget fan tafallichheden oaninoar. It is net oars en men moat besykje mei dat idee te libjen.

Al mei al is dat net-trochgean fan dy proefles yn Rotterdam goed útpakt, want ik kin werom sjen op in slagge libben. Alteast sa sjoch ik der sels tsjinoan. Yn Fryslân en Hurdegaryp haw ik de wjukken goed útslaan kinnen.

Jimme sille begripe dat Keningsdei my dus tinke lit oan dy tongersdei yn Rotterdam. Wylst ik dizze kollum oan it skriuwen skeat it my yn it sin dat ik seis jier lyn – ik haw it ûndertusken opsocht – as Feie Fonyk en oertsjûge republikein in kollum skreau oer Keningsdei. Dat wie op 1 maaie 2017. Dy is te lêzen. Ik tink der noch krekt sa oer. Myn stânpunt oer it keningshûs waard krap sechstich jier lyn al treflik ferwurde troch in hilarysk liet, songen troch Corry Vonk.

Yn 1964 skreau Wim Kan foar har ‘Leve de koningin’ mei dit as refrein:

Ik vertolk, ik vertolk
De gevoelens van het volk
Met me vlaggetje, me hoedje en me toeter
Ik sta te juichen als een gek
Achter een gesloten hek
Met me vlaggetje, me hoedje en me toeter
Oranje boven, oranje boven
Leve de koningin

It waard in grut sukses doe’t it op in 45-toereplaat útkaam. Dat plaatsje haw ik, mar ik koe it net fine. Wol de ‘langspeelplaat’ fûn dêr’t it ek op stiet. Op it ynternet is it optreden fan Corry Vonk (1901–1988 ) te sjen.

 

 

april 27, 2023 15:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.