Farferbining haven Harns mei Noarwegen?
Resint ferskynd
Ynstjoerd
Ferline jier kaam in fearferbining fan Eemshaven nei Christiansand yn Noarwegen ta stân. De Romantika fan de rederij Holland Norway Lines (HNL) fear dy rûte in pear kear yn ’e wike op en del. De ferbining waard al gau in grut sukses. Tûzenen minsken, benammen út Noard-Nederlân makken der gebrûk fan. Guon seagen de oertocht as minicruise en fearen yn twa dagen op en del, oaren brûkten de ferbining as begjin fan in langere fakânsje yn Noarwegen (of foar Noaren nei Nederlân). In moaie takomst like foar dy ferbining weilein.
Lykwols, koartlyn kaam der in kink yn ’e kabel. It die bliken dat de kaai te koart wie. Oare skippen krigen foarrang. It havenskip Eemshaven wegere de kosten te dragen foar in langere kaai; dy moast HNL sels mar betelje. In nuvere eask, want wa is ornaris ferantwurdlik foar in kaai? Dat is dochs de eigener fan de haven? Hoe dan ek, HNL besleat om de ferbining stil te lizzen. Yn stee fan út Eemshaven wei de keas de rederij fan augustus 2023 ôf foar in ferbining fan Emden nei Christiansand en oant dy tiid fan Cuxhaven ôf, beide yn Dútslân. In miste kâns foar Grinslân om fan Eemshaven in suksesfolle fearhaven foar persoaneferfier te meitsjen.

Harns, Havenmûning. Boarne Wikipedy, foto Gouwenaar CC0
Mar soe it net in unike kâns foar Harns wêze om dy ferbining oer te nimmen? Harns besiket al jierren om cruiseskippen te lûken (Cruiseport Harlingen), it rint lykwols noch net stoarm. Hjir leit in prachtkâns om fan Harns in folweardige fear- anneks cruisehaven te meitsjen troch in útwreiding mei in farferbining nei Noarwegen. Boppedat soe sa’n ferbining ek klanten út de Rânestêd lûke kinne, dy binne dochs al wend om nei Harns te riden fanwegen de ferbining mei Flylân en Skylge. Finansjeel dus geunstich foar Harns en dêrmei foar Fryslân. Ik wit net hoe definityf oft de kar fan HAL foar Emden is, mar ik ried Harns oan om sa gau mooglik kontakt te lizzen mei HNL om in mooglike farferbining te besprekken.
Jehannes Elzinga, Frjentsjer
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje