Europeeske misje ûndersiket oft libben op moannen fan Jupiter mooglik is

april 13, 2023 09:43

Yn 1610 rjochte de gelearde Galileo syn ferbettere teleskoop op Jupiter. Dêr seach er as earste fjouwer moannen: Io, Europa, Ganymedes en Callisto. Fjouwer iuwen letter sil de Europeeske romtefeartorganisaasje ESA dy moannen, útsein Io, opsykje.

Jupiter (boarne: NASA)

Romteronde Jupiter Icy Moons Explorer, koartsein Juice, wurdt hjoed om 14.15 oere Nederlânske tiid mei in Ariane-5-raket lansearre út Frânsk-Guyana wei. Foar ESA stiet der in protte op it spul. It wie yn 2007 de lêste kear dat de organisaasje it weage om hielendal selsstannich foarby Mars te gean.
“Juice hat gjin ynstruminten dy’t libben fine kinne”, seit ESA-yngenieur Alessandro Atzei. Wat de sonde docht, is de omstannichheden op de moannen sekuer yn kaart bringe. “Binne dêr yngrediïnten foar libben? Teminsten, sa’t wy dy kenne.”

De moanne Europa is yn alle gefal in plak dat in protte ûnthjit. “Wy witte dat dêr in soad wetter foarkomt”, seit Bert Vermeersen, heechlearaar planetêre eksploraasje oan de TU Delft. “De oseanen binne sels grutter as op ierde.” Oan it oerflak is it wetter beferzen, mar dêrûnder is in oseaan. Wittenskippers wolle ek de gearstalling fan it wetter ûndersykje mei’t dy hiel bepalend is foar de kâns oft der libben ûntstean kin.

Planeetûndersiker Vermeersen is benijd nei de tsjokte fan de iislaach. “As it iis tweintich kilometer tsjok is, is dat gjin goed nijs foar in takomstige misje dy’t in boar meinimt”, seit er. “Wy hawwe it al dreech om djippe marren op twa oant trije kilometer ûnder it Antarktysk iis te berikken.” De tsien ynstruminten oan board mjitte ek oare saken, lykas de gearstalling fan de atmosfear en radio-aktiviteit. Juice hat ek in kamera.

Wittenskiplike resultaten sizze net inkeld wat oer ús sinnestelsel. As de omstannichheden op de moannen om in gasreus as Jupiter hinne geunstich binne foar libben, seit dat ek wat oer de kâns op libben op planeten om oare stjerren hinne. En dêr binne de lêste jierren in protte gasreuzen ûntdutsen. De earste resultaten litte noch efkes op har wachtsje. Pas yn de simmer fan 2031 arrivearret Juice by Jupiter. Om faasje op te bouwen, moat de sonde earst fjouwer kear in slinger krije fan de moanne, ierde en Fenus; help fan de swiertekrêft.

De bou fan de raket wie yngewikkeld. De omstannichheden op de rûte fan Juice binne ekstreem. By Fenus waarmet de sonde op oant 250 graden Celsius. Wylst er letter ôfkuolje kin nei 230 graden ûnder nul. Boppedat is it magnetysk fjild en de strieling om Jupiter hinne ekstreem sterk. De gefoelichste elektroanika fan Juice sit dêrom yn in leaden klûs. De ôfstân is ek in útdaging. It is sa fier fuort dat Juice net fuortdaliks op kommando’s reagearret. De systemen binne dêrom foarprogrammearre.

Njonken de omstannichheden foar libben ûndersykje wittenskippers ek it ûntstean en de ûntwikkeling fan it sinnestelsel. Juice is net de earste misje nei Jupiter. Voyager 1 en 2 fan NASA fleagen by de planeet lâns en misjes Galileo en Juno fan NASA hiene de planeet as einbestimming. Tusken 2031 en 2035 is Juice net allinnich. NASA lansearret yn 2024 de Europa Clipper, in sonde dy’t de moanne Europa ûndersiket. Nettsjinsteande syn lettere lansearring, arrivearret de Clipper in jier earder as Juice. Dat komt trochdat NASA in krêftiger raket brûkt.

april 13, 2023 09:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.