Doede Wiersma: De rjochtfeardige kin sân kear falle mar komt dochs wer oerein
Resint ferskynd
Oertinking
Us hiele besinning yn de foarbye wiken komt dizze wike ta in klimaks. Wy komme by it hert fan it leauwe en sykje dêr wurden foar mei help fan Jesaja 53. Neffens Dietrich Bonhoeffer is dat haadstik it boadskip fan ’e Bibel. Dêr fine wy in útsûnderlik djippe en folsleine fyzje op de rjochtfeardige, syn profylskets.
Sa’n skets is neffens it wurdboek ‘in koarte beskriuwing fan eigenskippen dêr’t ien dy’t gading makket nei in funksje, oan foldwaan moat’. Dat hear ik yn: “Troch Him, de tsjinstfeint fan God, sil de wrâld ynsjen wat de rjochtfeardige is” (Jesaja 53:11). Dy oersetting fine wy yn de Startbijbel en is ferdigene troch dr. Beuken yn syn beide boeken oer Jesaja 40-55.
‘Rjochtfeardige’ wie it opfiedingsideaal yn Ald-Israel. Foar yndividu en mienskip wie dat de ynspiraasje, de dream, it model.
As Jezus krekt stoarn is, ropt neffens Lukas in offisier: “Yndied, dizze man wie in rjochtfeardige!” It wie Jezus slagge om de profylskets wier te meitsjen. Rjochtfeardigen binne in segen foar de mienskip (Spreuken 10:6-7; 11:23-26; 29:2).
Gemiene lju, dy’t ûnrjocht wolle, haatsje de rjochtfeardige. Se wolle Him wol dea sjen en út ’e wei romje. De profylskets hâldt dêr al rekken mei. Mar it wûnderlike is, dat rjochtfeardigen efterôf gelyk en ynfloed krije. Dat sprekt út it tema fan dizze wike:
“De rjochtfeardige kin sân kear falle, mar komt dochs wer oerein.”
Foar my waarden dy wurden út Spreuken 24:16 de wierheid fan opstanning.
Sân betsjut yn ’e Bibel: definityf. By rjochtfeardigen betsjut it lêste fallen, de ein net. Hy komt dochs wer oerein.
De útdaging fan ús libben is om as dy rjochtfeardige te libjen!
Lêze: Jesaja 52:13-15 (dat heart by Jesaja 53!)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje