Djipste fisk ea filme foar de kust fan Japan

april 7, 2023 08:33

Australyske wittenskippers hawwe in fisk filme op goed 8,3 kilometer djipte. Dat is in rekôr. Noch nea waarden der bylden makke fan in fisk sa djip ûnder wetter.

Slakdolf (foto: Wikimedia Commons/Ecomare-Sytske Dijksen – CC BY-SA 4.0)

It giet om in slakdolf, in lytse sâltwetterfisk. Dy waard filme troch in soarte ûnderwetterrobot yn de Izu-Ogasawaratrôch, besuden Japan. Neffens wittenskippers is it dat djipste punt yn see dêr’t in fisk libje kin. Trochdat de druk op sokke djipten enoarm is, kinne oare fisken der net libje. Troch syn sjelei-eftige struktuer slagget it de slakdolf wol. It feit dat it wetter yn de Japanske trôch in stik waarmer is, helpt dêr ek by. De oerlibbingskâns op in djipte fan mear as 8,3 kilometer is lykwols lytser, sizze de ûndersikers.

It foarige djipterekôr dêr’t in fisk op filme is, stie op 8178 meter, sa’n 150 meter minder djip as it hjoeddeiske rekôr. Tsien jier lyn foarseine wittenskippers al dat der fisken fûn wurde soene op in djipte fan 8200 oant 8400 meter. No is dat befêstige.

Australiërs hawwe ek in oar rekôr fêstige: de djipste fisk ea fongen. Dat wie op in djipte fan krekt wat mear as 8000 meter.

Besjoch in filmke fan it NOS Jeugdsjoernaal op YouTube.

april 7, 2023 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.