DINA mei ‘medisyn’ yn Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum op snein 30 april
Resint ferskynd
Dina Popma komt dizze maitiid mei in nij album ûnder de titel medisyn. Foar it earst makket se in album yn har memmetaal, it Frysk. Frou Popma (1984) hat tegearre mei technikus en produsint Bonne van der Wal it album opnommen yn it Thomastsjerkje yn Ketlik.

Dina Popma (foto: Jeroen van de Bovenkamp)
Tsien nûmers dy’t oerstreame fan krêft, himelske meldijen, trânseftige en repetitive gitaarpartijen en teksten dy’t Dina as frou en as minske grûnje, en men yn harren muzikale en poëtyske foarm as universeel ‘medisyn’ ynnimme kin.
Dina die in ûndersyk nei wat har manier fan besinnen is. Hja begûn te skriuwen en dat die se yn it Frysk, de taal dy’t har mei it djipste fan harsels ferbynt. En sa makke se it album medisyn. En mei it album makke se in boek, dêr’t, neist har sjongteksten, gedichten en sprutsen wurden, ek fraachpetearen yn te finen binne. Se prate mei in ‘herborist’ en in krûdegenêskundige en sels fertelt se it ferhaal fan har ûndersyk. En de lêzer en harker wurdt útnûge om sels in resept, in ‘medisyn’ te dielen, en yn it boek op te skriuwen.
De Tsjerketoer (by tsien âlde tsjerken del) kaam ta stân as in gearwurkingsprojekt fan Popfabryk, produksjehûs foar Fryske popkultuer, en Stichting Alde Fryske Tsjerken. Popfabryk sjocht de âlde tsjerken yn Fryslân as in bysûnder en wiidferspraat poadium om lytsskalige produksjes foar in benammen nij publyk te presintearjen.
Troch Jeroen van de Bovenkamp is in promoasjefideo makke mei muzyk fan Dina. Sjoch dêrfoar op YouTube.
DINA, sjongeres, muzikante en produsinte mei medisyn
Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum, Ljouwert
Snein 30 april 2023 om 15.00 oere
It is net mooglik om te reservearjen. Kaarten wurde by de yngong fan de tsjerke ferkocht foar € 10,00 it stik.
Wa’t op tiid komt, kin in moai plakje útsykje. By de tsjerke is net folle parkearromte. Besikers kinne – op rinôfstân en fergees – parkearje op it romme parkearterrein foar de Intratuin oer (súdside Tynjedyk).
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje